geïnteresseerd in geld maar in ruilgrond bij de boerderij Knossen. Dit was een ingang tot een op lossing. Er is niet uitonderhandeld. De provincie is bezig met onderhandelingen en daar hoort de raad meer van in de voortgangsrapportages.De opmerkingen van de heer Zijlstra over een fiets pad bij Jirnsum worden meegenomen door het college. Door beiden kanten, college en raad, moet gezocht worden naar posten die zich lenen als uitruilposten, of naar andere goede sugges ties.Het is de wethouder niet bekend welke gronden in aanmerking komen om als compensatie- gronden te dienen anders dan die ter hoogte van de locatie Tútsebrêge De raad heeft dat ant woord nog te goed. De hear Janse seit dat der al twa en heal miljoen gûne foar Staande Mast út de grûnopbringsten fan Wergea-West helle binne. Hy begrypt net werom der no net 183.000 foar it fytspaad is. Dat is mjitte mei ferskillende maten. Ein 2001 wie der in tekoart foar it fytspaad Jirnsum. Op de fraach fan de hear Janse of útstel ek ôfstel bestjutte waard Ontkennend antwurde. It liket no wol oars te gean. No blykt der 80.000 oan reserves yn fytspaden te sitten, hie dat yn desimber 2001 net brûkt wurde kinnen? De FNP hat de wethâlder net heard oer it ferkear- en ferfiersplan. De FNP fynt dat ek tige wichtich omdat it benammen giet oer de kategorysering fan de wegen. De kategorysering fan de wegen hat allinne mar sin as eltse gemeente dat goed docht.De FNP fynt it net in goed teken dat wy as bestjoer fan Boarnsterhim de lokaasje Knossen út de diskusje oer de AZC helje. Syn fraksje hat der grutte muoite mei en fynt dat de diskusje net serieus nom- men wurdt. De FNP wol wachtsje oant de diskusje west hat. It kolleezje hellet ien lokaasje wei by de oare omdat dat har sa útkomt. De hear Janse fynt dat ferkeard. Hy seit dat it giet om it te ken dat je ôfjouwe as gemeentebestjoer oan de minsken dy't de diskusje fiere moatte. Of de ge meente of it COA moatte sizze dat sy der net mear oan begjinne wolle. De hear Janse hâldt fêst oan it amendemint, mar is best ree om wizigingen oan te bringen as de oare saken ek útfierd wurde kinne. De hear Van der Meulen seit dat it CDA der net swier oan tilt dat de lokaasje Knossen derút giet. It is it minst goede plak (rimboe). Dan meie dy brûkt wurde foar in fytspaad. En dat is gjin yn- breuk op de diskusje. It CDA wol in antwurd fan it kolleezje op it foarstel fan de PvdA om de fi- nânsjes te regeljen by de begrutting. Kin in part fan de finansiering net letter regele wurde? De hear Postma fynt wat de mogelike grûnwinningsproblematyk oanbelanget, dat de wethâlder him der maklik óf makket troch te sizzen dat de provinsje lûker is fan it gehiel. It kolleezje moat har aktiver opstelle (belutsenheid) om de kâns fan slagjen te fergrutsjen en net allinne fare op de koers fan de provinsje. Hy wachtet de antwurden op de fragen fan it CDA oer de finânsjes óf, mar Gemeentebelangen fynt it ûnferantwurde om te antisipearjen op takomstige grûnopbringsten fan Wergea-West dy noch net fêst stean. De hear Zijlstra seit dat it fytspaad yn Jirnsum yn it amendemint de PvdA wol oansprekt. De wethâlder freget de ried te kommen mei in foarstel yn de begruttingsfergadering. Wol it kolleezje ek neitinke om it yn de mearjierrenbegrutting 2003 op te nimmen 62.000)?. De fraksje kin oer de oare dingen hinne stappe, bygelyks de 30 km. sóne. Wy ha as ried sein: earst in evaluaasje, earder kinne wy dy oare saken dochs net útfieren. Brûk it jild earst mar. De PvdA fynt de lokaasje Knossen ek it minst geskikte plak foar it AZC en hechtet dêrom net oan dat plak. Yn ferbân mei de grûnwinningsproblematyk kin hy wol meigean mei it idee fan de hear Van der Sluis en freget it kolleezje dêr dochs in wei yn te finen. Wethouder Jonkers zegt toe de gevoelens van de raad over de grondverwervingproblematiek mee te delen aan de provincie en zal zó proberen te sturen dat de kans op succes op grondverwerving zo optimaal mogelijk is. Dit onderwerp zal als agendapunt ingebracht worden bij het SMR overleg om, zo mogelijk, de gemeente een rol te laten spelen.Over Wergea-West zegt de wethouder dat de twee en een half miljoen gulden eruit gehaald zijn ter financiering van de Staande Mast route. Side 9 04. Notulen 15 oktober 2002/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 12