9. Foarstel ta it nimmen fan in tariedingsbeslút op grûn fan artikel 21 fan de Wet op de Romtelike Oardening foar it perseel Hôflân 2 te Grou. De hear Janse seit dat dit foarstel fuort komt út in yntinsje-oerienkomst en ôfspraken mei mefrou Kingma Boitjês en de hear Bouma. De FNP hat fragen steld oer dizze oerienkomst en de oerien- komst mei Aquaverium. De FNP-fraksje wol dúdlik de finansjele en oare gefolgen foar de gemeen te witte. De struktuerfisy Grou is behannele troch Pleatslik Belang, dêr docht út bliken dat der wentebou op it plak fan de pleats fan Bouma komme kinne soeDe hear Zijlstra stelt de folgende fragen Kinne der skeaclaims ferwachte wurde? Hiene wy op de hichte wêze kinnen fan it oerlis? Past it plan yn de Ontwikkelingen yn Grou? Der moat sjoen wurde oft de kleuren yn it gehiel pas- nfi hfiar Hemminqa slút foar in part oan by de PvdA. En yn hoefier trochkrúst it oare plannen foar de takomst fan dat gebiet? Wat foar konsekwinsjes hat dit plan foar de sleatten en de iisbaan? Moat de gemeente aansten de sleatten ek útdjipje en wa betellet dat dan? Wfithâlder Bouma seit dat de ried dit ferhaal net witte koe. SOnt 1999 binne der gesprekken west mei p^chtiTen ferhierder yn it kader fan de Ontwikkeling fan Grou-noard. Uteinlik is yn juny 2000 mei in hiel yngewikkelde ruilkonstruksje grûn oankocht. It hat doe net op besjen lein want it gesprek wat ferifieare is mei in hantekening is fan 3 july. Ommisje fan de kant fan it kolleezje. Mar kin it kolleezje in yntinsje-oerienkomst ôfslute sûnder de ried. No is de útwurking fan mar ien Onderdiel fan de 15/16 punten oan 'e oarder. It is no de fraach of de ried dêroan meiwurkje wol. It kolleezje wol der wol oan meiwurkje. It giet om grûn (iisbaan, loads, hobbyromte, skiphûs, oeboutsje op de iisbaan) fan de ferhierder (wat yn de ynlieding fan de stikken stiet is net goed). De bedoeling is om it geboutsje nij en wat lytser (68 m2) te bouwen oan it skiphûs. It sk.phOs wurdt in bytsje langer, oars past it Fryske jacht der net yn.Nei oanlieding fan de Struktuerfisy Grou seit de wethâlder dat op dizze grûn absolút gjin wentebou pland is. Der is praat oer takom- stjqe wentebou yn Grou-noard en oan de noardkant fan it kanaal, bygelyks de lokaasje fan Hal- bertsma De iisbaan is net te keap en der komme gjin wenten. De Ontwikkeling fan Grou-noard stiet los fan dizze grûn. Dizze grûn bliuwt fan de oanbelangjende eigner. Utbaggerje fan de Bliken is foar de gemeente net ferplicht. De hobbyromte is bedoeld om swurden behannelje te kinnen. De hear Bouma seit dat de fraach of it kolleezje of de ried machtige is in yntinsje-oerienkomst Óf te slúten~dë~hämfraach is. It fersyk fan de FNP om it foarstel in moanne oan te halden is hiel te- rjochte. As de fragen fan de FNP skriftlik beäntwurde binne, kin de ried in bettere ôfwaging meit- De hear Janse seit dat de yntinsje-oerienkomst, sa as by dizze bou, direkt oan de ried foarlein wurde möat~ën net twa jier letter.Yn de útbrochte boekjes oer de struktuurfisy Grou stiet op it plak fan de loads wentebou oanjûn en op it plak fan de iisbaan stiet in grienstrook oanjûn. De FNP hâldt fêst oan it foarstel ta útstel oant de ried mear wit. De hear Zijlstra seit dat de wethâlder dúdlik de situaasje útlein hat. Troch de ferpleatsing fan it hokie wJrdtlte situaasje allinne mar better. De wethâlder hat oanjûn dat se benefter bleaun is troch de ried foar de tiid net te ynformearjen. De hear Zijlstra wol witte of de boufoarwaarden bij Hús en Hiem checkt binne. De PvdA giet akkoart mei it foarstel. np h«ar Van der Meulen. It foarstel is baseard op in yntinsjeoerienkomst. It CDA giet akkoart mei it foarstel De hear Van der Meulen wol noch kwyt dat hy fan de kwestje op de hichte wie. Yn in sletten byienkomst mei de hear Oosterhof, april 2000, hat de hear Pippel de ried bypraat oan- geande de Staande Mastroute en de grûnruiltransaksjes dêr omhinne. Side 11 04. Notulen 15 oktober 2002/absh/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 14