Wethêlder Bouma seit oer de brief fan de FNP dat der oare fragen yn stean dan dat it hjir oer qiet. Ek is de wethâlder it noch hieltiten net iens mei de hear Janse oer wentebou op it plak fan de iisbaan De bou-oanfraach moat noch oan Hús en Hiem foarlein wurde. Dan kin de gemeente oaniaan dat dy ek op de kleur lette moat. Mei klam neamt de wethâlder dat it om twa dingen qiet. Punt ien is dat dit Onderwerp net op besjen lein hat. Punt twa: it is in Onderdiel fan ôfspra- ken dy 't makke binne om in gigantysk projekt yn it noarden fan Grou realisearjen te kinnen. De hear De Vries herhellet dat de ried op grûn fan feiten beslute wol. Wat bin de konsekwinsjes as wy no nee sizze? Wethêlder Bouma andert dat de ried beslute kin ja of nee te sizzen. Sy hat net de yndruk dat der skeaclaims komme kinne, mar it kolleezje hat ek te meitsjen mei fatsoensnoarmen en ofspraken dy 't yn it ferline makke binne. Der binne ek in soad oare dingen regele. De ferhierder woe doe in oare yndieling meitsje. Mefrou Dekker bespeurt in ambifalinsje. De wethâlder wit net of sy in yntinsjeferklearring mei de ried oerlizze moat. Dan freget it kolleezje de ried want de ried giet oer dit punt. Ut fatsoen moat de ried ja sizze. En de ried wit neat fan in yntinsjeferklearing. Wethâlder Bouma kin de fraach oer skeaclaims noch net beênderje. De foarsitter ferdúdlikt dat it kolleezje rjochtens in yntinsje-oerienkomst oangien hat mei dêryn opnommen de ferplichting in foarstel oan 'e ried te dwaan en dat bart no. De rie is fnj ja of nee te sizzen. Wethâlder Bouma werhellet dat dit in tariedingsbeslút is wêr 't de ried oer giet. De hear Bouma wol dochs earst mear witte want de ried hat fan de plannen gjin notysje nimme kinnen kT^TdTyntinsje-oerienkomst wol sûnder de ried en der binne miskien wol grutte finansjele gefoÏgen. It is in oerienkomst dy fêstlein wurdt, útsein goedkarring fan de ried. De VVD wol ut- stel fan in moanne. De hear Hemminga is wol nijsgjirrich nei de antwurden op de fragen fan de FNP, mar is wol fan miening dat dit foarstel dêr los fan stiet en mear in romtelik oardenings-probleem is. Wethêlder Bouma befêsticht dat léste nochris. De foarsitter: it kolleezje kin yn it nije systeem op har eigen terrein allegear nije ofspraken meit- sje. Datselde jildt foar de ried. Makket it kolleezje op it gebiet fan de ried ôfspraken, dan moat it kolleezje mei dy ofspraken nei de ried. Dat bart no. De^heTfi^uma^eit dat hy it hiele skala fan yntinsje-oerienkomsten helder ha wol foardat hy in útspraak docht. De hear Janse seit dat hy de saak earst helder ha wol. Nei dizze diskusje wurdt der persoanlik stimd en neffens it foarstel besletten. 10. Foarstel ta it wegerjen fan meiwurking oan de bou fan in nij skieppebedriuw mei wente op in perseel oan de Master Wybrensdyk te Eagum. De hear Van der Sluis ferlit de gearkomste en hy is net werom kommen. Side 12 04. Notulen 15 oktober 2002/absh/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 15