De hear Hemminga seit dat it bestimmingsplan bûtengebiet yn 1998 yn de ried oannommen is. De provinsje hat oktober 1998 der kommentaar op jûn en goedkarring ûnthâlden oan de bepaling oer de njonkenfestiging/bedriuwssplitsing. De gemeente is net yn berop gongen, paste it bestim mingsplan net oan, die net in nij foarstel oer dy passaazje. Foar Gemeentebelangen is der dêrom gjin formele grûn om beswier te meitsjen tsjin in bedriuwssplitsing. Gemeentebelangen hat yn 1998 al oanjün foarstander te wezen fan it fasilitearjen fan de eigen bedriuwen. Dit alles betsjut dat Gemeentebelangen meiwurking ferliene wol oan dizze oanfraach. De hear Janse is fan miening dat yn it bestimmingsplan bûtengebiet op dit onderdiel it korset te nau is. Doarp Eagum leit yn it bûtengebiet en fait buten de wenteboukontigenten foar de doarpen en dêr kin dus net boud wurde. .De provinsje fynt dat der wat komme moat oangeande splitsing fan bedriuwen. Dat moat net regele wurde mei artikel 19 De ienige manier om te bouwen is troch tastimming foar in splitsing fan in bedriuw en dêr in hús by te bouwen. De FNP is tsjin it foarstel. Mefrou Dekker seit dat har fraksje it foarstel fan it kolleezje stipet en de arguminten fan it kolleezje folslein ûnderskriuwt. De hear Van der Meulen freget him óf of it kolleezje gelyk hat of Gemeentebelangen. Dat is foar it CDA ûndúdlik. Kin it kolleezje har stânpunten noch fierder ûnderbouwe. Hy fynt dat Gemeente belangen har stânpunt net stave kinnen hat. Wethâlder Bouma docht yn it koart de skiednis. Yn 1998 is it bestimmingsgebiet bûtengebiet fêststeld. De Raad van State hat ek in oantal útspraken dien. It kolleezje is no drok dwaande mei de artikel 30 feroaring. Dat is meidield oan de oanfreger. De ried kin net ad hoe foarútrinne op de artikel 30 feroaring. De ried wie yn 1998 net foar nijbou yn it bûtengebiet. Yn it stik fan de pro vinsje stiet "Door de manier waarop artikel 22 lid a 106 is weergegeven, bestaan er ruimere mogelijkheden voor de verplaatsing van bestaande bedrijven binnen de gemeente dan voor in- plaatsing van nieuwe bedrijven van buiten de gemeente. Dit dient nader te worden bezien cq gemotiveerd." Sjoen fan út it prinsipe fan gelikens hat de provinsje der muoite mei dat de ge meente Boarnsterhim mooglik bedriuwen fan bûten de gemeente útslute wol om har hjir te festig- jen. Doe wie dat wol in argumint. Oer de splitsing fan bedriuwen stiet yn dat stik: "De mogelijk heid om voor bedrijfssplitsing een nieuw bedrijf te realiseren kan hierdoor alleen door middel van planwijziging." Op himsels neat mis mei fia de 19 artikel proseduere. It giet derom dat de ried aanst by de artikel 30 feroaring opnij in oantal punten fêstlizze moat, beslúten nimme moat. Dêr- nei kin de provinsje fia de artikel 10 kommisje wer reagearre (sa as by it bestimmingsplan). De ried moat in beslút nimme hoe se dit punt opnimme sil yn de artikel 30 feroaring. De oanfreger hat net wachte op dizze feroaring en hat in oanfraach yntsjinne. En dan moat it bestjoersorgaan dêr wat fan fine. Wy wegerje derom no dy bou-oanfraach. De ried moat konsistint bliuwe yn syn besluten.De wethâlder giet yn op de opmerking fan de hear Hemminga dat de gemeente net yn berop gongen is. Der hat oerlis west mei de doetiidske FLTO dy net yn berop gongen is want der is sein: we komme der wer op werom hoe 't we der mei omgean. Yn de takomst kin der in 30% oan frijsteande agraryske bedriuwen komme. Dat wurdt meiwoegen yn de artikel 30 feroaring, want yn dy pear jier is der wol wat feroare. Wethâlder Bouma seit oer de opmerking fan de hear Janse wol of net wenningbouromte dat it dêr net om giet. It giet der om of op dat bûtengebiet nije agraryske bedriuwichheid komme moat. By splitsing fan it bedriuw komt it bestimmingsplan bûtengebiet oan de oarder en dat woe de gemeente ommers net. Oer de fraach wa gelyk hat, seit de wethâlder dat sy belle hat mei de hear Douma fan de provinsje. Dy hat sein dat it it foech fan de ried is om dêr in beslút oer te nimmen. De hear Douma stjoert noch in ferslach fan in pe- tearke mei de hear Van der Sluis nei de wethâlder en nei de oanfreger. De wethâlder stoart har oan de brief fan ôfrûne wike. It kolleezje soe op de kommisjegearkomste fan 3 septimber de Side 13 04. Notulen 15 oktober 2002/absh/13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 16