wierheid net sein ha. Yn dy brief stean in oantal dingen dêr't it kolleezje mei sit: Sy hat in dúdlik antwurd jûn op de brief fan 27 augustus. It ferhaai dat binnen in jier de feroaring bestimmings- plan klear wêze moat, kloppet net: "B en W vinden dat zij zich niets van de Nederlandse wet hoeven aan te trekken". De provinsje kin úteinlik beslute of de gemeente net op tiid mei syn arti kel 30 feroaring is. Omdat dit sa'n grut bestimmingsplan is en omdat der safolle beswieren wiene by de Raad fan State hat de provinsje in heal jier ferlinging jûn. It kolleezje is no hast sa fier om mei dy artikel 30 feroaring nei bûten ta te kommen. De ried giet aansten seis oer bedriuwssplit- sing. As de ried gjin bebouwing in it bûtengebiet wol, dan nimt de gemeente it sa op en dan kin de provinsje dêr har oerdiel oer jaan. pe hear Hemminga freget wêr de oanfraach op hifke wurdt. It giet him om it formeel juridysk as- pekt. De hear Janse freget: de artikel 30 feroaring, wannear komt dy? Miskien dit jier of jannewaris 2003. De hear Van der Meulen seit dat yn it bestimmingsplan oanjûn is dat it yn prinsipe net mooglik is om bedriuwen te splitsen. It giet hjir oer in tariedingsbeslút. Je hifkje dan op datjinge wat je fan Dlan binne op te nimmen yn in nij bestimmingsplan. Salang as de ried net útsprutsen hat dat sei it oars ha wol is it kolleezje hélden op dy manier te hifkjen. Dêrom moat dizze bou-oanfraach of- wiisd wurde. Wy wolle de diskusje graach dwaan by de 30 artikel feroaring bij de behandeling yn de kommisje yn de ried. De hear Bouma freget hoe it juridysk krekt sit. Der sil noch wol oer de brief fan 27 augustus praat wuriTÏÏÏe de artikel 30 feroaring al klear wêze moatten en moat de oanfreger wachtsje op dy feroaring? Wethâlder Bouma seit dat de hear Van der Meulen gelyk hat as er seit dat we in tariedend be stimmingsplan hifkje en op grûn dêrfan hat it kolleezje dit foarstel ôfwnsd. De wethalder seit oer de termvn dat fan de artikel 30 feroaring it giet oer rom in jier ferlyn. De provinsje hat yn dy pe- rioade noch in ekstra heal jier ferlinging jun. De hear Douma fan de provinsje wit dat de gemeente Boarnsterhim der drok mei dwaande is. Der lizze gjin sanksjes. Sy herheiiet dat it kolleezje him oan de wet hâldt. Defhear Hemrninga seit dat de formeel jurisprudinsje ûntbrekt. Hy fynt it jammer dat it sa lang duorret. Mei dy betingst stimt Gemeentebelangen yn mei it foarstel fan it kolleezje. De hear Janse is tsjin dit foarstel, omdat it noch sa lang duorret foardat de proseduere WRO be- gjinne kin. Wethâlder Bouma seit dat dit bouplan net earder honorearre wurde kin, net earder dan wannear 't de ried beslúten hat oer de artikel 30 feroaring. Nei dizze diskusje wurdt der neffens it foarstel besletten. 11. Foarstel ta it net-ûntfanklik ferklearje fan in beswierskrift oangeande de bou fan in trainings hal fiakby it perseel Grêft 4 te Warten. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 12. Foarstel om subsydzje beskikber te stellen foar de doarpshûsfunksje fan de NH-tsjerke te Warstiens.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 17