BOARNSTERHIM gemeente NOTULEN Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 15 oktober 2002 om 20.00 oere yn it riedshûs yn Grou. Oanwêzich: De leden fan de ried: De froulju J. Dekker-Hoogeveen, T.D. Troost-Akkerman en E. Verkerk en de manlju N. Boringa, S. Bouma, J. Gerbrandij, J. Hemminga, S.G. Janse, G. de Jong, D. van der Meulen, H.G. Postma, J. Roorda, M. van der Sluis, J.R. Soeten, A.J.de Vries en J. Zijlstra. De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: de froulju K. van den Berg-Wiersma en J. Bouma-van den Brink en de hear H.A. Jonkers Ofwêzich: de hear A. Bijlsma Foarsitter: de hear Y. Dijkstra Griffier: de hear R. P. van der Starre 1. lepenjen. De foarsitter iepent de iepenbiere gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom: alle leden, it publyk en de harkers. De foarsitter dielt mei dat de hear A. Bijlsma de gearkomste net bywenje kin. Dêrnei stiet de foarsitter stil by it ferstjerren fan Prins Claus. Hy seit: Tsien dagen lyn, op 6 oktober is Prins Claus fan Nederlân ferstoarn. It wie net ûnferwachte, dochs hat it ús oerfallen. De Prins kaam yn 'e sechtiger jierren, de tiid fan polarisaasje, nei Neder- lân ta. It houlik mei ús Kroanprinses Beatrix yn 1966. Man fan ús Keninginne yn 1980. Prins Claus waard berne as Dútser, waard Nederlander, neamde himsels âlde Afrikaan en, benammen, wrâldboarger. Syn yntegere en ûnôfhinklike geast hat der ta bydroegen dat de sa tige skeinde re- laasje dy't ús folk, wis ek it Fryske, mei Dútslân fielde, mear en mear de rjochting fan ûnbefon- genheid út gean koe. Prins Claus hat nea syn krityske sin ferlen. Hy hie each foar eigen identiteit en respekt foar histoarysk groeide kultueren. It wie nei syn betinken sa dat in mins selsbewust syn eigen identiteit kenne moast. En oangeande Europa: allinnich út de eigen identiteit wei kinne wy oan Europa bouwe. De Prins hie grut omtinken foar werkenbere problemen en fraachstikken. It miljeu, it ferpartsjen fan 'e wolfeart yn 'e wrâld en de Europeeske yntegraasje. De léste jierren wie Prins Claus siik; hy wie lykwols net begrutlik! Wy sille Prins Claus yn ús tinzen hélde as: de man dy't by it earste útrikken fan de Prins Claus priis yn 1998 him fan syn knipende strik bef rij de; de leafhawwende oare helte dy't yn it iepenbier syn greate leafde foar syn frou Keninginne Beatrix sjen liet; de man dy't te sjen wie yn ien fan de dokumentêres de ôfrûne dagen dêr't hy, wizend op it prachtige Tanzaniaanse lénskip seit dat "de natoer by eintsjebeslút sterker wêze sil as de minske". Of it famke dat tegeare mei har mem by it kondoleénseregister yn Grou nei de foto fan Prins Claus seach: "It is in leave man, hè mem?" Fannemiddei hat ús lân ôfskied nom- men fan in Prins fan de minsken; in minsklike Prins; hertferwaarmjend minslik. Of lykas hy seis sei: "Ik bin boarger west. Ik bin der nea yn slagge om Keninklike Heechheid te wurden". Us tin zen binne by ús Keninginne, syn frou; syn soannen; skoandochters en pakesizzer. Dat sy de krêft fine meie dit grutte ferlies te dragen. De foarsitter freget de fergadering stean te gean en stil te wêzen as neitins oan de prins. 04. Notulen 15 oktober 2002/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 20