2. Gelegenheid om fragen te stellen foar boargers. Fan de gelegenheid wurdt gjin gebrûk makke. 3. It fêststellen fan de wurklist. De wurklist wurdt sa fêststeld. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 17 septimber 2002. It ferslach wurdt ûnferoare fêststeld. 5. Ynkommen stikken. De'heaf'De Jong jout oan dat de hear De Vries ûntefreden is dat hy net in túnhúske bouwe mei en de brief mei de ôfwizing fan it kolleezje net begrypt. De hear De Jong seis soe dy brief ek graach léze wolle. Mefrou Dekker jout troch dat har fraksje (yn gefal der by in punt stiet "Of te dwaan troch boa npmaster en wethâlders") yn de takomst graach wol dat de minsken antwurd krije, telefoanysk of per brief, en dat de fraksje ek te hearen krijt hoe B en W de saak Ôfhannele ha. De fraksje wol ek de brieven léze dy 't nei de minsken gean. Wethâlder Bouma seit dat de hear De Vries by har op besite west hat sa 'n oardel wike ferlyn. Dat wie in befredigjend gesprek. De útkomst is dat de hear De Vries syn oanfraach oanpasse sil. De ried hat natuerlik rjocht op in brief dêroer. De'hea^Janse neam» dêrút it punt kontingint wentebou. Wy soane it kolleezje freegje wolle gau te kommën~mei de notysje hoe de ferdieling fan de 69 wenten yn it bOtengebiet en de lytse doarpen te dwaan. Wethâlder Bouma: Der wurdt oan wurke om dy saak fan Reduzum yn de kommisje fan desimber te krijen; wat de 59 wenten as restkontingint oanbelanget, dat kin net earder nei de ried dan wannear' 't opnij it konsept wenplan fêststeld is. Dffhear Van der Meulen wol dit punt graach ek in de kommisje behannele ha. De hear Roorda slút der by oan en seit dat yn syn eagen de ôfskaffing fan de ûnreplik saakbeles- tina qiin"]ëstënferlichting mar in lestenferskowing fan gemeenten nei it ryk ta is en de lesten komme dan op in oare manier wer werom. In wichtich punt is dat de selsstannigens fan de ge meenten ôfnimt en dat je ek in oare lestenferdieling krije. Dat is in mooglik neid.el foar de legere ynkommens en foardiel foar de hegere ynkommens. Wethouder Ven den Berd zegt det het college denkt dat het goed is om met elkaar in de commis sie te bespreken wat het allemaal gaat betekenen als de afschaffing van de onroerendzaakbelas- ting doorgaat. Yn it aloemien seit mefrou Bouma dat alle brieven dy 't binnenkomme en beäntwurde binne op in list komme en dat de brieven mei de antwurden by de stikken op besjen lizze. Dan wit de ried ek it antwurd. Dan wurdt der sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming neffens it foarstel besletten yn- klusyf de tasizzingen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 5