BOARNSTERHIM gemeente BESLUTEL S T Riedsgearkomste: 12 novimber 2002. Nú. Omskriuwing Utfiering 1lepening. Ut namme fan de leden fan de gemeenteried wurdt in blomke mei de hertlike betterskip oanbean oan Jan Oosterveld. 2. Gelegenheid om fragen te stellen foar boargers. Der binne 3 ynsprekkers: Mefrou De Vrieze, bepleitet behâld fan it riedhûs foar de gemeenteried. Mefrou De Boer, bepleitet ekstra subsydzje foar VVV. Mefrou Wiersma, bepleitet ekstra subsydzje foar "Stichting Kinderopvang Boarnsterhim". 3. It fêststellen fan de wurklist. Konform fêststeld,mei it tafoegjen fan de punten 15 en 16 oan de wurklist 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 1 5 oktober 2002. Konform fêststeld. Mid. 5. Ynkommen stikken. Konform fêststeld. Mid. Alle antwurden yn de map foar de riedsleden foar ynformaasje. Op besjen lizze foar de folgjende riedsgearkomste. 6. Foarstel ta it fêststellen fan de begrutting foar 2003. Moasje 1 fan de PvdA Mid Grienfoarsjennings Ynlutsen. Moasje 2A fan de PvdA Berneopfang De tekst wurdt sa as oanjûn oanfold: De bydrage oan de berneopfang, mei namme foar minsken mei in smelle beurs wurdt opnij besjoen om te kommen ta in belied, dat keppele is oan harren prestaasjes. Oannommen mei 11 stimmen foar en 6 stimmen tsjin. Moasje 2B fan de PvdA Ynlutsen. Moasje 3 A en B fan de PvdA Fûns rekreaasje aktiviteiten De tekst fan part A wurdt feroare ta: De toeristen belesting giet nei 0,60 foar in oernachting en it bedrach dêrfan 11.000,00 wurdt bliuwend yn dit fûns stoart. Unanym oannommen. beslutehst 1 2 novimber 2002/iajb/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 63