6. Underwiishúsfestiging. Der kin nij boud wurde in Akkrum yn 2003 en yn Grou yn 2005. Der wurdt útgien fan skoallegebouwen. Der libbet in winsk foar in brede skoalle, dy't ûnderskreaun wurdt troch it kolleezje. Dat bringt ekstra kosten mei. Is de ried ree om dy kosten mei te nimmen, bygelyks troch de opbringst fan frijkommende gebouwen te benutten? Sa as it yn de begrutting stiet sil it wierskynlik net betelle wurde kinne. 7. Reserve wolwêzen. Sjoen yn it Ijocht fan it akkommodaasjebelied en oare ynsidintele subsyd- zjes wêr de reserve foar brûkt is, pleitet de FNP foar it fuortbestean fan de reserve Wolwezen en in strukturele oanpak dêr fan. Wat is de miening fan de ried droer? 8. Sporthal/swimbad. It fernuvert de FNP dat der no noch trije jier jild beskikber steld wurdt foar in tekoart. Wat bart der nei trije jier? De FNP wol dat it kolleezje dan wol in alternatyf klear lizzen hat. 9. FrijwilligersbeliedYn de begrutting is gjin bydrage feêstlein foar it ta stân kommen foar it frijwilligersbeliedYn 2001 is in enkête ûnder alle frijwilligers hâlden. Der is in goed slagge frijwil- ligersdei hâlden. De ried hat der in beliedsplan en projektplan foar feststeld. Fan it ryk binne mid dels krigen út de Stimulearringsregeling. Der binne ferwachtings wekt by de frijwilligers. Yn de begrutting is neat foarsjoen foar eigen middels njonken de ryksbydrage dy trije jier jildt 11.300,- it jier). De FNP fynt dat de gemeente dan net betrouber oerkomt. De FNP pleitet der foar om' trije jier jierliks 11.300,- frij te meitsjen en dit te bekostigjen út de reserve "Uitvoering Kadernota SCW" en de reserve Wolwêzen. De FNP komt mei in moasje. Moasje 6: De ried fan de gemeente Boarnsterhim, yn syn gearkomste fan 12 novimber 2002 by- elkoar, oerwagende dat: mei it hélden fan in enkête ûnder de tûzenen frijwilligers yn de gemeente Boarnsterhim, it hélden fan in tige slagge frijwilligersdei, de troch de ried fêststelde opset foar frijwilligersbelied en projektplan, it oanfreegjen en ûntfangen fan ryksmiddels út de Stimulear ringsregeling, der bij al dy tûzenen frijwilligers yn de gemeente Boarnsterhim ferwachtings wekt binne, dy't yn it ramt fan in betroubere oerheid net beskamme wurde meie en kinne, beslút om de ge'meentelike middels, dy't njonken de middels fan de Stimulearringsregeling nedich binne (3 jier 11.300,- it jier), te bekostigjen út de reserve "Uitvoering Kadernota SCW" en de reserve Wolwêzen, en giet oer ta de oarder fan de dei. 10. Berneopfang. len fan de positive resultaten fan de Dei-yndieling is dat der berneopfang regele is yn tal fan lytsere doarpen. Ein fan dit jier hêldt dit projekt op en wurdt der evaluearre. Foar it ferfolch fan it projekt, útsein it ferfierprojekt, binne gjin middels reservearre. Wat opboud is sil wierskynlik nei trije jier wer ôfbrutsen wurde. De FNP pleitet derfoar om de foarsjennings, dy 't yn de lytsere doarpen opboud binne, te behêlden. De ekstra middels dy't noadich binne soene foar 2003 komme kinne út it Wurkgelegenheidfûns. Foar 2004 en letter ferwachtet de FNP foar- stellen yn strukturele sin. De FNP tsjinnet in moasje yn. Moasje 7: De ried fan de gemeente Boarnsterhim, yn syn gearkomste fan 12 novimber 2002 by- eikoar, oerwagende dat ien fan de positive resultaten fan it projekt "Dei-yndieling" is dat der yn ferskate iytse(re) doarpen yn de gemeente Boarnsterhim in foarm fan berneopfang ta stén brocht is en dat dize foarsjenning, no't der ein 2002 evaluearre wurdt en der foar 2003 gjin (ekstra) fi- nansjele middels beskikber binne, wer faai komt te stean, beslút it kolleezje op te dragen om yn oerlis met de Stifting Berneopfang te sjen nei de mooglikheden om dizze foarsjenning te behêlden en de mooglike finansjele konsekwinsjes foar 2003 te dekken út de reserve Wurkgelegenheids- fûns, mooglik noch oanfolle mei middels út de reserve Vrede/Solidariteit, en yn 2003 te kommen mei útstellen foar in strukturele ferheging fan de bydrage oan de Stifting Berneopfang. 11De VVV. It is in wichtige foarsjennings op it mêd fan de rekreaasje yn de gemeente. De VVV sit yn swier waar. De FNP pleitet der foar om mei in lytse ferheging fan de toeristebelesting de VVV der boppe-op te helpen. De fraksje slút him oan by de moasje fan de PvdA. De hear Bouma (VVD): It gemeentehûs. De VVD is skrokken dat de nijbou fan it gemeentehûs net troch giet. Hoe is it kolleezje ta dit beslút kommen? Is it jild ynienen fuort of binne der noch dingen wêr de ried neat fan wit? Wol de gemeente miskien te skerp sile, wêrtroch it skip just stil komt te lizzen? De VVD fynt de ommeswaai ûnbegryplik en freget fan it kolleezje in ferklearring. Side 13 04. n OTU LEN 12-11-2002/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 15