ûndernimmers dwaan moatte. Ek de VVV seis hat in stik eigen ferantwurding. It CDA draacht it kolleezje op om mei de VVV te praten. Berneopfang. Dit is altyd posityf west. It is net sa dat it CDA gjin ekstra jild foar berneopfang oer hat, mar de gemeente moat reële dingen dwaan. De berneopfang kaam út op in negatyf resul taat Yn de begrutting sit in marzje om wat oer te ha foar it ûntwikkeljen fan nij belied. Der is gjin tekoart mear as dy marzje der óf giet. Dan is de begrutting slutend. Dat is kontrolearre by de ber neopfang. Dat wol net sizze dat der gjin nije projekten komme kinne of dat projekten net troch- rinne kinne. Utgongspunt bliuwt dat berneopfang tagonklik wêze moat foar elkenien. As projek ten op in ein rinne, moatte dy evaluearre wurde en docht bliken dat se weardefol binne, dan moat dêr jild yn stutsen wurde. Der is gjin jild reservearre foar, mar wol jild nedich foar de ferpleatsing fan sportfjilden, de kon- struksje swimbad/sporthal, de Ontwikkeling en útfiering fan sportbelied, de werstrukturearring doarpsfernijing dy trochgean moat, integraal akkommodaasjebelied en monuminten. It Riedhûs. Moat it Riedhûs no ôfstjitten wurde om de begrutting rûn te krijen? De ried hat it kol leezje de opdracht jûn om oan de beam te skodzjen, mar dat hat hy net hurd genôch dien. De amtlike organisaasje moat har bést dwaan om jild te finen. Der moat mear besunige wurde mar amtners hoege dat net allinne te dwaan. De gemeente hat de ambysje om saken foar de ynwen- ners te realisearjen. It kom te faak foar dat sy nee te hearen krije. It CDA seit dat foar ien kear in ekstra ynspanning fan it kolleezje frege wurde mei boppe de 5%. De hear Janse (FNP): De antwurden op de skriftlike fragen dy de FNP wiene ûndúdlik. De finan- siering farTiiPfytspaad Grou-Wergea stiet net goed yn de begrutting. Yn de riedsgearkomste fan 12 novimber is oars besluten as no yn de begrutting stiet. Dy ûndúdlikheden moatte ferbettere Grienûnderhâld. De FNP is foar ferbettering fan it grienûnderhâld en foar de 50.000,- de fraach is hoe it kolleezje dy bestede wol. Kin je nei in jier al evaluearre? Akkrum en Reduzum bin ne útsocht, wêrom Aldeboarn net? De FNP soe graach sjen dat jild brûkt waard foar mear ûnder- hâld. Wat bart der nei de evaluaasje? De moasje fan de PvdA is om 50.000,- fêst te hâlden oant dúdlik is wer it om giet. Dat is te min. Yn prinsipe kin dy 50.000,- beskikber steld wurde, mar net earder dan dat yn de kommisje bepraat is wat mei it jild gebeure sil. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 22.50 oere. De foarsitter weriepent de gearkomste om 23.10 oere. Wethâlder Van den Berg seit tank foar alle reaksjes. Grienfoarsjinings. It liket it kolleezje goed om foar ien kear 50.000,- frij te meitsje foar in pilot. It kolleezje fûn dat hy wat dwaan moast mei alle griennotysjes fan de léste jierren, omdat de leefomjouwing fan de ynwenners ferbettere wurde moat. It kolleezje komt noch mei in notysje mei dêryn de krekte yngrediïnten. Dan kin der praat wurde hoe de gemeente it yntinsyf en ek- stinsyf grienûnderhâld útfiere sil. It giet om ûnder oare gers, plantsoenen, stoepen. Mei de pilot kin der sjoen wurde hoe it grienûnderhâld struktureel oanpakt wurde moat sûnder dat dit hieltyd mear middelen ferget. De kommisje en de ried komme noch oan bar. Hooplik is de moasje oerstallich. Ferheging fan 3% OZB en 2% OZB. De wethâlder is bliid dat de hear Postma dat skieden hat. De gemeente Boarnsterhim giet 5% omheech en dat is in soad. De lésten moasten (nei 1994) leger hélden wurden. De 3% is in oantal yndeksen wêrfan it kolleezje sein hat dat dy útfierd wurde moatte op de OZB. Der is de léste jierren neat oan dien en der moat struktureel wat oan dien wurde. De 2% is ynsetber foar beliedsromte sa't yn de Foarjiersnota bepraat is. Side 15 04.N O T U L E N 12-11-2002/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 17