Raadhuis en nieuwbouw. Het college maakt zich ook zorgen over het Raadhuis. Die zorg moet worden vertaald in randvoorwaarden zodat dit gebouw in zijn totaal bestaan blijft. Er moet reke ning gehouden worden met gebruikers (langlopende contracten). Het college zal, met een zo groot mogelijke zorgvuldigheid, omgaan met het Raadhuis. Plattelandsprojecten. Er zijn 71 grote en kleine projecten ingediend. Het college hoopt uit SGB- subsidies en plattelandsprojecten daarvoor middelen te vinden. Voor het baggerproject moeten substantiële middelen komen om dit project te realiseren. De aanbiedingsbrief in het Frysk. Waarvan akte. Volgend jaar is dat in orde. Recreatienota. Er komt zeer binnenkort een voorstel waarin staat wat er onderzocht moet worden en wat de kosten zullen zijn. De fice-foarsitter sit de gearkomste foar. De hear Dijkstra seit de ried tank foar de benadering troch de ried en de konstruktive wize wêrop praten is oer de wichtige saken út de begrutting. Organisaasje Ontwikkeling. Der binne eartiids ôfspraken makke oer de ynhâldlike kant en de rap- portaazje. Yn jannewaris 2003 komt der in rapportaazje nei de kommisje ta. As men tenei flugger in rapportaazje ha wol, moat dêr oer praat wurde. Gemeentehûs. It kolleezje hat bést oan de beam skodde. De opmerkings út de ried binne allegear posityf. De ried hat sein: sa fluch mooglik bouwe, der binne lokaasjes beneamd. Sprekker tinkt dat de ried yn gedachten al mei de bou dwaande is. De kolleezjes fan de léste jierren ha hieltiten oanjûn dat it allegear net ta fait (augustus 2002 noch). Yn dyselde brief hat it kolleezje sein dat hy bang is dat it, wat it jild oanbelanget, "út de pas rinne sil". Der is in paradoks omdat der min der ynkomsten by it ryk weikomme, de ynkomsten fan de gemeente gean efterút, de opheffing fan de OZB spilet dêrby ek in wichtige rol, mar de gemeente wol de ynkomsten ferheegje om mear dwaan te kinnen. Elts wol graach begjinne mei in nij gebou, in 2003, mar dan moat der in slach makke wurde. Dan moatte der drastyske besluten falie. De ried soe graach in detaillearing ha wolle. Giet de gemeente troch mei letter in finansjeel probleem of kin it ek wat minder. It is neffens it kolleezje ferantwurde om mei de sinten dy't reservearre binne foar de jierren 2004 en 2005 en mei jild út it fûns A32€ 300.000. It kolleezje is fan miening dat as it net sa gebeurt, de gemeente aansen mei de noas tsjin de muorre rint. It brief hat de ried noch net oertsjûge. It kol leezje fynt it in prima foarstel om in wurkgroep yn te stellen dy't ynformaasje sammelt om seis ta in oardiel te kommen. Elts wol de húsfesting op in goede manier ynfolle. Dit kolleezje sjocht de line dy't de PvdA dellein hat en dy't stipe wurdt troch alle fraksjes, as in feitlike stipe om sa gau mooglik te kommen ta de ynfolling fan in nij gemeentehûs. Sprekker docht de tasizzing de saak yn trije moanne op in rychje te hawwen. De foarsitter sit de gearkomste wer foar. De hear Zijlstra seit dat de útlis en de tasizzing om ynsjoch te jaan yn it besteegjen fan de 50.000,- fan wethâlder Van den Berg oer de grienfoarsjennings sa dúdlik binne dat de PvdA moasje nummer ien ynlûkt. Moasje twa-a wurdt hanthave. De tekst wurdt oanfold: "De bydrage wurdt opnij besjoen om te kommen ta in belied, dat keppele is oan harren prestaasjes benammen foar âlders mei in smelle beurs. Moasje twa-b wurdt ynlutsen. De PvdA wol noch de reaksje fan de oare fraksjes hearre. Moasje trije oer it fûns rekreative aktiviteiten. De hear Roorda hat oanjûn dat de sifers op feiten basearre binne. De PvdA freget stipe foar dizze moasje want de VVV hat dit jild driuwend nedich. De tekst fan part trije-a wurdt feroare yn: "De toeristebelesting giet nei 0,60 foar in oernach- ting en it bedrach dêrfan 11.000,-) wurdt bliuwend yn dit fûns stoart. De PvdA lukt moasje fjouwer yn omdat wethâlder Jonkers in tasizzing dien hat. Side 18 04.N O T U L E N 12-11-2002/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./18

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 20