bûtenskoalse opfang socht wurde nei de mooglikheden foar foarsjennings yn de lytsere doarpen. De opfang stiet faai as de subsydzje útbliuwt. B en W moat mei strukturele oplossingen komme. De hear Postma seit wer dat de (finansjele) konsekwinsjes pas besjoen wurde as de evaluaasje fan it projekt Dei-yndieling west hat. De hear Van der Meulen seit dat it CDA foar in brede skoalle is. De fraksje stiet sympatyk tsjinoer de moasje oer de VVV. Dochs fynt sy dat de VVV syn eigen broek ophâlde moat. It CDA is wiis mei it foarstel fan de PvdA oer it gemeentehûs. De moasje fan de FNP oer it projekt Dei-yndeling komt te betiid. It CDA stipet wol moasje 8 fan Gemeentebelangen. De hear Janse is tefreden mei de útlis fan de wethâlder oer it fytspaad en ek oer it grienûnder- hâld, mar der moat net allinne nei de proef sjoen wurde. De FNP hat altiid it nije gemeentehûs by it Riedhûs ha wollen mar leit him del by it beslút fan de ried. Wethâlder Van den Berg seit dat de moasje fan Gemeentebelangen eins oerstallich is. In goede behearsking fan budzjetten en it proses "skodzjen oan 'e beam", dat in kontinu proses wêze moat en wêze sil leveret miskien wol mear op dan 0,3 Om it no te bepalen op 0,3 foar alle budzjetten kin ek de diskusje fan keuzes meitsje op bepaalde bedriuwsûnderdielen te neat dwaan. Sy Ontried de moasje. Wethouder Jonkers ontraadt de verhoging van de toeristenbelasting, maar wacht de stemming af. De stimming oer de moasjes. Moasje 1 fan de PvdA oer grienfoarsjennings is ynlutsen. Moasje 2a fan de PvdA oer berneopfang. De tekst wurdt sa oanfold: "de bydrage oan de berne- opfang, mei namme foar minsken mei in smelle beurs, wurdt opnij besjoen om te kommen ta in belied, dat keppele is oan harren prestaasjes." De moasje wurdt oannommen mei 11 stimmen foar en 6 stimmen tsjin.Tsjinstimd hawwe de le den Bouma, Gerbrandij, De Jong, Van der Meulen, Van der Sluis en Verkerk. Moasje 2b is ynlutsen. Moasje 3a en b fan de PvdA oer it fûns rekreaasje aktiviteiten. De tekst fan part a wurdt feroare: "de toeristebelesting giet nei 0,60 foar in oernachting en in bedrach dêrfan, 11.000,- wurdt bliuwend yn dit fûns stoart." De moasje wurdt unanym oannommen. Moasje 4 fan de PvdA oer in advyskommisje grûnbedriuw is ynlutsen yn ferbân mei tasizzings fan it kolleezje. Moasje 5 fan de PvdA oer in riedskommisje Gritenijhûs is ynlutsen yn ferban mei tasizzings fan it kolleezje. Moasje 6 fan de FNP oer middels foar frijwilligerswurk wurdt fersmiten. Der wiene 15 stimmen tsjin en 2 stimmen foar. Foarstimd hawwe de leden Bijlsma en Janse. Moasje 7 fan de FNP oer berneopfang wurdt fersmiten. Der wiene 15 stimmen tsjin en 2 stim men foar. Foarstimd hawwe de leden Bijlsma en Janse. Moasje 8 fan Gemeentebelangen oer taakstellende kostenbesparrings begrutting 2003 wurdt unanym oannommen. Mei it yn acht nimmen fan de oannommen moasjes wurdt de begrutting fêststeld. De neamde oardenings Onder punt 2 wurde fêststeld. De krediten neamd Onder punt 3 wurde beskikber steld. Punt 4 ferfalt. Side 20 04,N O T U L E N 12-11-2002/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./20

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 22