5. Ynkommen stikken. Nûmer 1: Mefrou Dekker soe dit skema graach yn konsept earst yn de kommisje trochnimme wolle. De foarsitter docht it foarstel om út te gean fan it skema. As der fan de kommisjes út feroarings foarsteld wurde kin dat. Dit skema komt noch yn de kommisjegearkomste fan kommende mo- andei. Nûmer 8: De hear Bouma seit dat de twa supermerken de ófspraken oer nije bestimmingen fan de alde lo kaasjes befêstigje. Kloppet it oantal parkearplakken mei de ófspraken dy't B en W makke ha mei Coltavast? Wethâlder Bouma seit dat it oantal fan 50 parkearplakken kloppet mei de ófspraken, mar sy sil it noch neisjen. Ndmers 7 oant en mei 16: Mefrou Dekker oer "F.k.o.". De foarige gearkomste hat sy frege om ynkommen stikken werom te keppeljen nei de ried. Sy hat fan it kolleezje noch gjin brief krigen. Sy docht it foarstel om by elt- se riedsgearkomste in map te dwaan mei dêryn de stikken en de antwurden fan de foarige rieds- fergaderingen. De foarsitter seit dat dizze moarn (12 novimber) de fragen beandere binne. Hy seit dat it foarstel in goede suggestje is en freget de ried dêrnei te hanneljen. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 7. Foarstel ta ferselsstanniging en omfoarming Mienskiplike Regeling Bestuursacademie Noord Nederland. De fice-foarsitter sit de gearkomste foar. De hear Biilsma is yn prinsipe akkoart met it foarstel, mar hy seit mei klam dat der in pleidoai hal den wurde moat foar it behâld fan dizze oplieding yn it noarden. De oplieding, dy't yn Grins sit, moat net ferhúzje. De FNP fynt oansluting bij de Thorbecke Akademy of it Van Hall-ynstitút in goede opsje. Boargemaster Dijkstra seit dat alles dien wurde sil om opliedingsaktiviteiten yn it noarden te hél den. Hy seit de hear Bijlsma ta dat it kolleezje syn best dwaan sil. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. De foarsitter sit de gearkomste wer foar. 8. Foarstel ta it ûnbegrûne ferklearjen fan in beswierskrlft oangeande it wegerjen fan frijstelling as bedoeld yn artikel 19 WRO foar de bou fan in ferkeappunt foar motorbrânstoffen oan de Snit- serdyk en Harstawei te Dearsum. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 9. Foarstel ta it ûnbegrûne ferklearjen fan in beswierskrift tsjin it nimmen fan in tariedingsbeslút as bedoeld yn artikel 21 WRO foar it perseel Brittenburg 21 te Aldeboarn. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. Side 2 04.N OTULEN 12-11-2002/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 4