10. Foarstel ta it ôfhanneljen fan 35 fersiken om planskea eks artikel 49 WRO, bestimmingsplan Yn'e Lijte te Grou. np hpar Van der Meulen seit dat de útlis dy't yn de kommisje jûn is net foldwaande is. Hoe sit it mei de kosten en de duer fan de proseduere, as dizze gearkomste nee seit tsjin de planskea- oanfragen. De hear Janse fynt de dekking fan de kosten út de algemiene reserve net korrekt. De brêge is oanlein yn it kader fan de Steande Mêst-rûte. Dizze brêge is ûnderbrocht yn it Grûnbedriuw, yn it kompleks Grou-Noard projekten. De kosten moatte neffens de FNP dekt wurde út de jilden fan de Grou-Noard projekten, ek omdat as der in skeaclaim komt dy ek al betelle wurde moat út de al gemiene reserve. Wethâlder Bouma seit dat it kolleezje net it foech hat om te bepalen wat der yn de tekst komt te stean Wa sil de tekst korrizjearje? It béste is om mei de foarsitters fan de kommisjes oer de tek sten nei te tinken foardat it yn in riedsútstel komt te stean. It kolleezje riedt de ried óf nee te siz zen tsjin it foarstel. Der leit gjin unófhinklik advys wêrop dat besiút nommen wurde kin. Letter yn de proseduere soe men der wer tsjinoan rinne. Yn it plan Yn 'e Lijte is gjin bedrach opnommen foar planskea. By de jierrekening kin sjoen wurde of it jild út de Grou-Noard projekten komme kin. Omdat noch net dúdlik is wêr de kosten út betelle wurde moatte, hat it kolleezje besluten earst de algemiene reserve te brûken. De ried kin eventueel letter freegje it jild wer werom te dwaan yn de algemiene reserve. De hear Van der Meulen seit dat it CDA de ferskillende senario's goed yn byld ha wol. Neffens it CDA sil út it ûndersyk blike dat de minsken gjin rjocht ha op planskea. Hoefolle minsken soene yn berop gean? Je kin yn berop gean tsjin de útspraak fan de ried, mar ek tsjin de útspraak fan de kommisje. Hoe is dan de proseduere? Wethâlder Bouma seit dat it jild net komme kin út de pot ûnfoarsjoen, omdat it eartiids net ûn- foarsjoen wie. It kolleezje fynt dat de kosten net út oare projekten betelle wurde kinne. De min sken kinne beswier meitsje as de ried nee seit, mar in Berop en Beswier Kommisje sil dan ek sizze dat der net in unófhinklik ûndersyk leit dêr't de ried nee op sizze koe. Sy seit dat it ferskriklik ju- ridysk is. De foarsitter seit dat as it doel fan de ried is om in oantal fan de beswierden kwyt te reitsjen, soe der oan it ein fan de proseduere in moeilik punt ûntstean kinne soe. De ried moat dat beslist net as doel hawwe. Syn fraach is oft der in rjochtfeardige beoardieling oer it foarstel, sa't dat op ta fel leit, plakfine kin. De hear Van der Meulen herhellet dat de minsken neffens it CDA gjin rjocht op planskea ha. Wethâlder Bouma fynt dat de ried gjin goede arguminten hat om nee te sizzen tsjin de oanfragen om planskea. De ried hat gjin ûnôfhinklik ûndersyk dwaan litten of de oanfragen al of net terjoch- te binne. It foarstel fan de FNP om de jilden út it projekt Grou-Noard te heljen wurdt allinne troch de VVD stipe. Stimferklearring De hear Van der Meulen seit dat it CDA oanjaan wol dat de ried it rjocht en it foech hat om te sjen nei oanfragen en net sûnder mear mei gean moat mei it kolleezje. Side 3 04.N O T U L E N 12-11-2002/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 5