Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 11. Foarstel oangeande Wiw-tsjinstbetrekkingen en ID-banen. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 12.Foarstel ta It nimmen fan in tariedingsbeslút foar it hiele doarp Wergea. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 14. Foarstel om yn prinsipe gjin meiwurking te ferlienen oan de ferpleatsing fan it motorenbe- driuw nei it perseel kadastraal bekend gemeente Rauwerd, seksje G, nr. 195. Sûnder diskusje en sünder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 15. Fragen fan de FNP oer it gebrûk fan de Fryske taal. De hear Janse hat de folgende fragen. 1Wurdt it troch de ried fêststelde belied oangeande it Frysk, Onder oare ynhâldend dat brieven yn it Frysk ek yn it Frysk beandere wurde, net mear troch it kolleezje útfierd? 2. As it kolleezje net fan it fêststelde belied ôfstapt is, hoe kin it dan dat Os skriuwen net yn de korrekte taal beandere wurdt? 3. Hoe wurdt der troch it kolleezje kontrolearre oft it belied goed Otfierd wurdt? Wethouder Jonkers biedt de FNP zijn excuus aan voor het feit dat de bedoelde brief niet in het Fries gesteld was. "Dat was een beetje dom." De vragen over het Aquaverium werden wel "yn geef Frysk beandere". Er wordt niet expliciet gecontroleerd op het beleid en het college gaat er vanuit dat de medewerkers werken volgens dit beleid. Het is wel goed dat het beleid op Intranet staat, gezien de in- en doorstroom van medewerkers. Er is niets veranderd aangaande het beleid over het Fries. De hear Janse is bliid mei it antwurd fan de hear Jonkers. Hy soe it wol moai fine dat de stan- dertbriefkes yn it Frysk tastjoerd wurde. De wethâlder seit dit ta. Sünder diskusje en sünder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 16. Inisjatyffoarstel fan de VVD oer in helberheidsûndersyk werstrukturearring UTD. Mefrou Verkerk freget de ried in helberheidsûndersyk te dwaan nei de bestimming UTD. De VVD hat in fotopresintaasje sjen litten. It doel fan it ûndersyk is om de herbestimming te besjen yn de hiele omjouwing, dat wol sizze ek de oare kant fan it wetter. Sjoen de sintrale lizzing by de win kels is in kombinaasje wenjen, soarch en wolwêzen of seniorenwenten al dan net yn kombinaasje mei wurk in oanbefelling. Dy kombinaasje jout miskien ek finansjele foardielen. Doel is dus herbe stimming yn in breder kader en dêrby it karakter fan de silo bewarje. De VVD hat betingsten by projektûntwikkelders omdat dy faak fikseard binne op in koarte en flugge termyn om rindemint te heljen. Har fraksje sjocht nei duorsumheid en kwaliteit. It ûndersyk is ek te besjen yn it kader fan de kredytferblieing, sa as dat yn de foarige gearkomste dien is. Dan soe dit plan it ynfollen wêze fan jilden dy de ried fêststeld hat. Mefrou Dekker mist yn it ferhaal in finansjeel plaatsje. Hoe tinkt de VVD dit plan te finansieren? Mefrou Verkerk seit dat it foarstel yn earste ynstânsje in globaal ûndersyk ynhâldt. De finansie- ring soe helle wurde kinne út it kredyt dat fêststeld is foar in helberheidsûndersyk. It foarstel is in ynfolling. Mefrou Dekker tinkt dat dit ekstra is. In helberheidsûndersyk is al kostber. Wer moat dat ekstra jild wei komme? Side 4 04.N 0 T U L E N 12-11-2002/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 6