Grienfersjenning; in post fan 50.000,00 om proeven te dwaan sûnder neiere Onderbouwing. De PvdA wol earst wol ris sjen wat men dêrmei no presies wol. Wij stelle de Rie út, om earst 50% fan dat bedrach mar ris te parkeren, oan 't it Koileezje mei in bettere Onderbouwing komt. Sjoch ús V moasje. Jimme sille no wol tinke, as dit de earste is hoefolle folgje der dan noch? No ik tink dat dat wol meifalt. It lepenbier Basis Underwiis Grou is goed ynset, sa goed dat it Protestants Kristelik Underwiis yn Grou freget om mei te liften yn de plannen fan de opset, om te kommen ta in finsterskoalle. Let ter oanheakjen soe harren yn harren eagen in efterstân jaan. Wy stelle út, dat it Koileezje mei harren yn gesprek giet om te besjen wat de mooglikheden en Onmooglikheden binne om harren mei te nimmen. De útslach fan dat oerlis wolle wy graach witte. Oan dizze operaasje, nijbou fan de skoallen, sit Onder oaren it ferpleatsen fan de sport yn Grou fêst. De PvdA makket him soargen oer de tidige oanpak hjirfan. Wy wolle fan it Koileezje mear faasje sjen, de Onderwerpen freegje dat, de belutsen boargers freegje dat en de mienskip freget dat. It earste domino-stientsje moat ynkoarten falie. Ek de sport moat witte, wêr 't hja oan ta binne. Der is yntusken in ambisjeuze Sportnota makke. De PvdA stelt út, dat de Rie earst in ie- penbiere harksitting hâldt, foardat de nota yn de Ried fêststeld wurdt. Der binne by de ferienings hege ferwachtings wekt, mar as wy sjogge dat der €30.000,00 foar ûnderhâld fan de fjilden en €20.00,00 foar in nij sportbelied frijmakke wurdt, dan komme wy net sa fier. Ek binne wy nijsgjirrich nei it ófwegingskader fan Swimbad-sporthal. De tekst hjiroer yn de be- grutting straalt Onmacht út, troch trije jier yn de tekoarten te fersjen en fierder neat. Wy stelle út, dat it Koileezje foar it realisearjen fan in nij swimbad-hotel in private partij siket en binnen in jier mei ideeën hjiroer komt. De tastân fan it swimbad is sa min, dat de behearder him ôffreget as it noch wol in jier draaie kin. De sporthal kin nei in beperkte opknapbeurt noch jierren mei. De Berneopfang yn ús gemeente kin besjen lije, dochs komme hja yn de reade sifers as hja mei harren belied, dat romte jout ek foar de smelle beurs, troch geane. De bydrage fan de gemeente just foar dizze léste groep soe yn ús eagen yndeksjearre wurde moatte en no ien kear ferhege wurde moatte. Wy stelle dan ek út, oan de Rie, om hjirfoar jild te sykjen by de Beliedstaak Best- joersorganen en it jild foar de amtlike stipe oan it dualisme foar de helte, is €12.500,00, bliuwend nei de berneopfang troch te skowen. Moasje 2 moat ús stânpunt ûnderstreekje. Reserve Wolwêzen hie oant foar koart in aardich potsje, dat is slonken, ek nei it weromstoarten fan de liening hjirút, ta in bedrach dat neffens ús te suterich is. Wy wolle de fraksjes fan de Ried en jimme, B en W freegje om hjir omtinken oan te jaan. De VVV sit mei in gat yn de begrutting fan rom €17.000,00 en foar de ferhuzing nei it postkan- toar is nochris sa'n bedrach nedich. Wy stelle de Rie út, om de toeristebelêsting te ferheegjen om it fûns rekreative aktiviteiten wer ynhâld te jaan. Om't de brêgejilden ferfalle, en de kosten fan de brêgen no direkt op de skouders fan ús ynwenners drukke, liket dizze ferheging ús ferantwurde. De ferhuzing fan de VVV soe hjir út betelle wurde kinne. De rest fan it tekoart moat it VVV dan mar by syn leden helje. Moasje 3. It Grûnbedriuw is foar ús gruttendiels yn "nevelen gehuld". Dat is gjin wûnder om't him dér in protte fertrouwelike saken ófspylje. Achte Ried fan Boarnsterhim, de PvdA-fraksje soe dan ek út- stelle wolle om in riedsbrede kommisje te foarmjen út de Ried, dy't him mei dizze matearje dwaande hâldt. De Ried stelt de kaders fêst foar de wurkwize fan de kommisje. De kommisjele- den hâlde harren fraksje op 'e hichte en advisearje it koileezje. Moasje 4. Last but not least it Grietenijhûs. Fansels moatte jo wat yn in begrutting opnimme, dat de mins- ken rekket, dat makket de tongen los en dat is de bedoeling fan it dualistyske systeem. En dan hawar dêr 'is de krint út de brij, it âlde Riedhûs ferkeapje en it kantoar wat ombouwe. Wy as Pv dA kinne ús net foarstelle dat nei al dy jierren fan praten en ûndersykjen dit de útkomst is. Sjog ge jimme de takomst al? -in man as Heinsbroek yn it Kroppholler Palace; -it Grouster museum yn nowhere; -it boppeskoals gebeuren yn de âld mavo; -it parkearterrein allinne tagonklik foar Bent- ley's; -troupearen dy't sykje om harren trouplak earne efter op in yndustryterrein; -in ynvestear- ring yn in hûs fan de hiele gemeente, ferskûle achter stapels hout en frachtweinen. Wat in útstra- ling, yn in tiid dat Dongeradiel hiel Dokkum omdolt om it mienskiplike Riedhûs mar yn de stêd te Side 7 04.N O T U L E N 12-11-2002/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 9