besluten alle opsjes/senario's opnij te besjen: ynformaasje te sammeljen en analyseare hokker ynformaasje noch komme moat. De wurkgroep moat de ried yn steat stelle ta in goed beslút te kommen en dat kostet jild, ûnder oare foar wurk-opdrachten foar eigen amtners, miskien wurk foar tredden. 30.000,00 is it maksimale bedrach en de ried hat altiid de mooglikheid om yn- sjoch te freegjen. It is de bedoeling dat de fraksjes op de hichte hâlden wurden troch de fertsjin- wurdiger yn de wurkgroep en fia him kinne saken ynbrocht wurde (wikselwurking). De hear Van der Meulen seit dat it CDA it wichtich fynt dat de kommunikaasje nei de ynwenners ta goed is. De folchoarder moat wêze earst de kommisje, dan de ried. As it noadich is kin in ekstra kommisjegearkomste plakfine. De hear Janse seit dat it fuortbestean fan it Riedhûs dochs net anneks is mei it ûndersyk. De hear Van der Meulen seit dat dit punt wol te krijen hat mei hoe omgongen wurdt mei it Ried- hûs oars hie de foarsitter fan de wurkgroep de hantekenings foar dizze gearkomste net ha moat- ten. It CDA fynt dat út de senario's dy't no op papier stean in kar makke wurde moat (gjin Hei- neken), want der is al in soad jild fergriemd. De hear De Vries seit dat de ried it reglemint fan oarder oanjaan moat. Yn "Op 'e Hichte" is te lé zen wat de wurkgroep docht en wat de planning is fan it trajekt. De wurkgroep sil, wat de fol choarder oanbelanget, as it noadich is komme mei in foarstel dat foar alle fraksjes akseptabel is. De Heineken lokaasje wurdt net útwurke. De wurkgroep moat der om tinke dat sy iepen stean bliuwt foar alle saken binnen it kader fan de wurkgroep dy't needsaaklik binne om ûndersocht te wurden. Nei dizze diskusje wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it foarstel besletten. 13. Foarstel oangeande it ôfhanneljen fan it beswierskrift oangeande de wegering frijstelling te feriienen eks artikel 19, lid 1 WRO foar de bou fan in blokhut oan de Pean te Nes. Dit stik is in B-stik wurden. De fice-foarsitter sit de gearkomste foar. De hear Hemminga neamt dit beswierskrift oer de bou fan in blokhut in klassyk foarbyld fan in boarger dy't hieltyd tsjin in muorre oprint. Sûnt de tachtiger jierren stean dér in tal karavans. De hear Koster hat yn de kommisjegearkomste fan 6 jannewaris ynsprutsen en is nei de besprekking fuortrûn. De wethâlder hat mei him praat mar it is noch net ta in oplossing kommen. Gemeente belangen freget it kolleezje hokker oplossing sy foar eagen hat. De gong fan saken is net goed foar it imago fan de gemeente. De hear Bouma seit dat de VVD ek witte wol wat it kolleezje tasein hat. De hear Dijkstra seit ta dat der in foarsjenning foar handikapte wettersporters komt. Mefrou Dekker seit dat it giet oer it beswierskrift en net of der wol of net in blokhut komt. De hear Dijkstra seit dat hy de fraach fan de hear Hemminga beändere hat ("kapstokferhaal") mar dat dy wol mei it foarstel akkoart gean sil, ek al omdat dit beslút al troch de ried nommen is. Wethâlder Bouma seit dat sy in gesprek mei de hear Koster hén hat. Der wie in juridysk deskun dige by. It die bliken dat sy it beswierskrift fan de aginda ôfhelje woenen. De wethélder hat doe sein dat sy dat net dwaan koe mar hat tasein de saak noch wer te besjen en in oantal dingen út Side 8 04 NOTULEN 21-01-2003/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 10