ooggetuigen hebben zich gemeld maar zij spreken elkaar tegen over wat er is gebeurd. De wet houder zal nazoeken of de stichting Vrede en Solidariteit formeel opgeheven is. Nei dizze diskusje wurdt der neffens it foarstel besletten. 17. Foarstel ta it fêststellen fan Miljeujierferslach 2001 en miljeuprogramma 2002. Sûnder diskusje en sdnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 18. Foarstel ta it oanpassen fan de planning fan projekten yn it GRP yn 2003 en 2004 en it be- skikber stellen fan in tariedingskredyt foar de projekten GRP yn 2003. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 19. Foarstel ta it oanpassen fan bouleezjes 2003. Dit is in B-stik wurden. De hear Van der Sluis seit dat syn fraksje fynt dat de bedragen oanpast/ ôfrûne wurde moatte (fanwege dúdlikheid tsjin de ynwenners oer). Wethâlder Bouma seit ta dat sy dizze opmerking meinimt foar de folgjende kear. Sy herhellet de ôfspraak fan allinnich in omrekkening tapasse en gjin ferhegings ynfiere. By de begrutting is it op deselde wize gongen. As it promillaazje leger wurdt is it lestiger de kosten te dekken. Nei dizze diskusje wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it foarstel besletten. 20. Foarstel ta bedriuwsferpleatsing Ark Reau te Aldeboarn. Dit stik is in B-stik wurden. Mefrou Dekker seit dat dit agindapunt in B-stik wurden is omdat Pleatslik Belang yn de fraksje west hat. Sy seit dat Pleatslik Belang, de âlderein en Woonwille belutsen wurde wolle by de fier dere Ontwikkeling fan de plannen. Sy dogge de suggestje om fan de wenning apparteminten te meitsjen en lit in architekt dêr nei sjen. Wethâlder Bouma seit ta dat sy de suggestjes meinimt. SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 21. Foarstel om yn prinsipe gjin meiwurking te ferlienen oan de ferpleatsing fan in tankstasjon te Akkrum. SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 22. Foarstel om gjin meiwurking te ferlienen oan de útwreiding fan Poiesz Supermarkt te Grou. SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 23. Foarstel om yn te stimmen mei it fersyk om planskea eks artikel 49 WRO foar it perseel Sta tionsweg 64 te Grou. SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 24. Foarstel om gjin meiwurking te ferlienen foar it bouwen fan in bedriuwspân mei wente op in perseel oan de Midsbuorren te Warten (tusken Midsbuorren 36 en Midsbuorren 38). SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. Side 10 04 NOTULEN 21-01-2003/Fout! Onbekende naem voor documenteigenschap./10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 12