25. Foarstel om yn prinsipe meiwurking te ferlienen oan it pleatsen fan in portaalkraan en it oan- lizzen fan in damwand op it perseel Midsbuorren 12 te Warten. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 26. Foarstel om yn prinsipe meiwurking te ferlienen oan de útwreiding fan de Jachthaven op it perseel Syl 14 te Terherne. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 27. Foarstel om (foarearst) gjin meiwurking te ferlienen oan de bou fan in wente op it perseel achter Nije Reed 1 te Warten, kadastraal bekend gemeente Warrega, sectie C, nr. 1785. Dit stik is in B-stik wurden. Under de gearkomste is besluten dit earder te behanneljen (nei punt 16). De hear Janse seit dat neffens it bestimmingsplan wentebou tastien wurdt. In bedriuwspân foar distribúsje is dêr al lang net mear. De oanfreger kin yn de besteande bebouwingsgrinzen bouwe. De hear Van der Veen en mefrou Aardema wenje dêr krekt en binne oan it ferbouwen en wolle graach mantelsoarch biede. De FNP pleitet der foar om in kontingint ta te wizen. De hear Van der Meulen freget him óf hoe it sa misgean kin. Hy kin him wol ynlibje yn dizze min- sken. Hy is fan miening dat de gemeente har tsjinstferlienend opstelle moat en soarchfâldich mei de prosedueres omgean moat. Hy freget it kolleezje mei de minsken te oerlizzen op wat termyn bou mooglik is en harren yn 'e mjitte te kommen. Dat ferget maatwurk, tiid en enerzjy. Mefrou Dekker hat deselde miening. De hear Hemminga slút him by de foarige sprekkers oan. Wethâlder Bouma seit dat it nedich is om mei dit bestimmingsplan fan 1958 oan de gong te gean. Neffens har is it tariedingsbeslút al yn novimber 2001 nommen. Sy hat de oanfreger de gong fan saken útlein. It ferlienen fan mantelsoarch is gjin planologysk argumint om de oanfraach te honorearjen. Sy kin meistimme mei de hear Van der Meulen dat hoeden mei prosedueres om gean wurden moat. It kolleezje wol meiwurkje mar it kolleezje kin net foarút rinne op it foarûntwerp bestimmingsplan Warten. Yn it foarstel stiet dan ek: foarearst gjin meiwurking fer- liene. Sy moat har as wethâlder hâlde oan de wet. De hear Hemminga seit dat yn in proseduere foarearst neffens him net kin: it is ja of it is nee. Wethâlder Bouma seit dat dit gjin novum is en dat doe oanjûn is op hokker momint wol meiwur king mooglik is. It kolleezje en de ried kinne op dit stuit niks tasizze. De oanfreger hat oanjûn har wenningkontingint oer te setten op it nije plak. De hear Janse seit dat hy twifels hat oer hoe't mei dizze minsken omgongen is. Hy begrypt it ar gumint fan in bedriuw geskikt foar distribúsje (dat der net mear stiet) net. Wethâlder Bouma seit dat it sa noch yn it besteande bestimmingsplan stiet en dat sil derút moat- te. De hear Janse seit dat de arguminten net passé yn dit foarstel. Siket it kolleezje wat? De hear Van der Meulen herhellet dat de wethâlder noch oerlis hat mei de oanfreger en oanjout wat it beste trajekt is om sa gau mooglik in wente te realisearjen. Side 11 04 NOTULEN 21-01-2003/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 13