BOARNSTERHIM gemeente R I E D S O A R S T Riedsgearkomste Agindapunt Portefúljehâlder Behanneljend amtner 18 febrewaris 2003 6 (A-stik) boargemaster Y. Dijkstra M.T. de Wolff telefoan: 0566 - 629314, e-mail: wolffm@boarnsterhim.nl Underwerp: Beneaming griffier en regeljen rjochtsposysje Foarstehrk|egrje CAR/UW0 Boarnsterhim op de meiwurkers fan 'e griffy fan tapassing; 2 Nim in delegaasjebeslút ta útfiering CAR/UWO Boarnsterhim; 3] Beneam de hear drs. M. Frensel fan Akkrum as griffier foar 18 oeren wyks, mei yngong fan 1 maart 2003 foar ien jier; 4. beneam de koördinator CBO ta ferfangend griffier. Troch de 'Wet dualisering gemeentebestuur' feroaret de rol en posysje fan de gemeentened en it kolleezie fan boargemaster en wethâlders. It hâldt Onder oaren yn dat de gemeentened in eigen ariffw krijt en dat der in griffier oansteld wurde moat. Fierders wurdt advisearre om foar de wurk- betinosten oan te sluten by de CAR-UWO-Boarnsterhim en de eigen gemeentelike regelingen. It VNG advisearret om dat mei in delegaasjebeslút te dwaan. De besluten ta oanstelling en Ontslach bliuwe wol it foech fan 'e ried, dy besluten wurde taret troch it riedspresidium. Yn it riedspresidium is ek dit útstel ta beneaming fan in griffier taret. Der is in advertinsje setten vn 'e kranten it ynternet, sawol de gemeentlike side as de spesjale fakatueresiden en yn e fak- blêden. Op dé oprop hawwe 24 minsken skreaun. De kommisje is mei 5 gadingmakkers yn e kunde kommen, mei 3 dêrfan is noch in twadde petear west. De kommisje is unanym fan mie- nino dat de foardroegen kandidaat foar beneaming yn oanmerking komt. It giet hjir om in oanstel ling foar ien jier, yn 'e riedskommisje is de proseduere foar funksjonearingspetearen oan 'e oarder west. Arguminten: 1 Rjochtsposysje CAR-UWO stút oan by de rest fan it personiel. De VNG advisearret om de rjochtsposysje safolle as mooglik gelyk met dy fan it oare personiel te setten. Troch it delegaasje-beslút kin de deistige tapassing mei koarte linen plakfine. 3. De kandidaat past poerbêst yn it profyl. De hear Frensel foldocht oan de easken en is as béste kandidaat ut de bus kommen. 4. by ôfwêzigens is der sa yn in ferfanger foarsjoen. Kanttekenings: Net fan tapassing. 06 oanstelling griffier1/pomw/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 17