BOARNSTERHIM gemeente notulen Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 21 jannewa- ris 2003 om 20.00 oere yn it Riedhûs yn Grou. Oanwêzich: De leden fan de ried: de froulju J. Dekker-Hoogeveen (PvdA), T.D. Troost-Akkerman (GB2000) en E Verkerk (VVD) en de manlju A. Bijlsma (FNP), N. Boringa (GB2000), S Bouma (VVD), J. Gerbrandij (CDA), J. Hemminga (GB2000), S.G. Janse (FNP), D. van der Meulen (CDA), H.G. Postma (GB2000), J. Roorda (PvdA), M van der Sluis (VVD), J.R. Soeten (PvdA), A.J. de Vries (PvdA) en J. Zijlstra (PvdA). De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: de froulju K. van den Berg-Wiersma en J. Bouma-van den Brink en de hear H.A. Jonkers Ofwêzich: de hearen G. de Jong (CDA) en R.P. van der Starre (griffier). Foarsitter: de hear Y. Dijkstra. Fice-foarsitter: de hear J. Roorda. Griffier (ferfanger): de hear C.l. Koffeman. 1lepenjen. De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen fan herten wolkom. De boargemaster makket melding fan it feit dat foardat dizze gearkomste begûn hy sa'n 1200 hantekenings yn ûntfangst nommen hat dy't oanbean waren troch de hear Van Gent út namme fan de stifting "Freonen fan it museum De Trije Gritenijen" en trije oare ferienings. Sy jouwe dêrmei oan dat sy wolle dat it Riedhûs bestean bliuwt en opknapt wurdt. Yn ferbân mei de ferkiezings foar de Twadde Keamer de oare deis is it mooglik om fia in skerm yn de hal nei it ferkiezingsdebat of miskien ek noch nei de konferense fan Freek de Jonge te sjen. Op de dei fan de ferkiezings wurdt in kollekte hâlden foar hongerjend Afrika. Dizze aksje is in inis- jatyf fan Kerk in actie, Memisa, Mensen in nood, Het Nederlandse Rode Kruis, NOVIB, Stichting Vluchteling, Tearfund, Terre des Hommes en Unicef Nederland. 2. Gelegenheid om fragen te stellen foar boargers. Mevrouw Kloostra pleit, namens de heer H.J. Velstra en mevrouw B. Weurman, voor duidelijk heid op zo kort mogelijke termijn inzake de bouwaanvraag die ingediend is voor het verbouwen van het al bestaande pand aan de Trije Romers nr. 7 te Reduzum (agendapunt 8). De heer Van der Veen doet het verzoek aan de raad om, in afwijking van het raadsvoorstel, alsnog medewerking te verlenen aan de bouw van een tweede woning op het perceel Hoofd straat 47 in Warten. Is dat op dit moment niet mogelijk, dan wil hij graag dat de raad vanavond nog geen besluit neemt (agendapunt 27). 3. It fêststellen fan de wurklist. Op fersyk fan in oantal riedsleden wurde agendapunten 13,16,19,20 en 27 B-stikken. De wurklist wurdt foar it oare sa fêststeld. 04 NOTULEN 21-01-2003/Fout! Onbekende naem voor documenteigenschap./1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 3