4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 17 desimber 2002. It ferslach wurdt ûnferoare fêststeld. 5. Ynkommen stikken. Nûmer 9: De hear Roorda seit dat syn fraksje dit in oangripende brief fynt en it is al de safolste klacht. Yn de kommisje is der al omtinken foar frege. De fraksje fynt ek dat wethâlder Van den Berg har noch fûlder opstelle moat tsjinoer de ferfierder. Hij freget de wethâlder op koarte termyn op besi- te te gean yn Leppehiem om rjochtstreeks te kommunisearjen mei de belutsenen. De hear Bijlsma ûnderskriuwt dit. De saak moat neffens him sa gau mooglik wer yn de kommisje oan de oarder komme. Der moat gau in evaluaasje komme. De hear Postma seit út namme fan Gemeentebelangen dat it ferfier yn de earstkommende kom misjefergadering besprutsen wurde moat fanwege skrinende situaasjes. Wethâlder Van den Berg seit dat it kolleezje de problemen Onderkent en de tasizzing dien hat de ynterne fearnsjierrapportage te brûken yn de kommisjefergadering fan maart. Sy fynt dat it kol leezje fûl genóch is mar men moat ek bestjoerlik de goede stappen sette. De wethâlder hat in ie pen ear foar de minsken en har problemen en der hat wol direkt kontakt west. Nûmer 10: De hear Bijlsma freget dit punt ek te belûken by it beliedsplan dat yn de kommisjefergadering fan febrewaris oan de oarder komt. Wethâlder Bouma andert dat it stik al meinommen is yn de tarieding fan de kommisjefergadering fan febrewaris. Nûmer 12: --ui' De hear Biilsma docht it foarstel om dit punt op dizze gearkomste te behanneljen en dêr in beslut oer te nimmen. De FNP Onderstreket it inisjatyf fan D66-fraksje Ljouwert en fynt dat in bedrach fan 300, - as bydrage yn de kosten - oer te kommen is. Wat is de miening fan de oare fraks- jes? De ried beslut dit punt earst yn de kommisje te behanneljen. Nei diskusje en tasizzingen wurdt der neffens it foarstel besletten. 6. Foarstel oangeande it takennen fan in wurdearringssubsydzje oan TV Akkrum. De hear Roorda seit dat alle ferienings in kâns ha moatte op in wurdearringssubsydzje. It taken nen fan in wurdearringssubsydzje is allinnich basearre op in algemiene omskriuwing fan de alge- miene subsydzjeferoardering: "Een subsidie voor activiteiten van een instelling waar in beginsel geen verband bestaat tussen de kosten die de instelling maakt en de subsidie die zij ontvangt." Dizze subsydzje is in ûngrypber fenomeen en wurdt foar ferskillende doelen brûkt. Ek de finansje- le dekking is ferskillend. Fanwege presedintwurking en rjochtsgelykheid is it goed om ienfâldige útfieringsregels/kritearia op te stellen. De ried kin sokke saken dan delegeare nei it kolleezje om dat it dan giet om útfieringskwestjes. Wethouder Jonkers kan geen criteria toezeggen omdat de waarderingssubsidie een pot geworden is voor zaken die moeilijk te definiëren zijn. Toch zal hij proberen een aantal uitgangspunten op papier te zetten. Er zit ook niet veel geld meer in die pot en is dat geld op, dan is er een eind ge komen aan het fenomeen "waarderingssubsidie". Echter, zoals het nu is, is het fijn een club te kunnen helpen hun doelstellingen te realiseren, want initiatieven zijn belangrijk. Side 2 04N0TULEN 21-01-2003/Fout! Onbekende naem voor documenteigenschap./2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 4