Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten.
7. Foarstel ta it fêststellen fan de "Raamovereenkomst Educatie 2003-2006".
De heer Boringa vraagt namens zijn fractie: a. Waarom is gekozen voor het Friesland College? b.
Waar zijn de rapportages en een eventuele evaluatie? c. De kosten per deelnemer zijn per ge
meente nogal verschillend. Wat zijn de kosten in Boarnsterhim in vergelijking met andere ge
meenten?
Wethâlder Bouma seit dat yn de begrutting stiet hoefolle de gemeente fan it ryk krijt en wat tro-
chslûze wurdt nei it Friesland College. Alle jierren wurdt in evaluaasje makke. De wethâlder seit
ta dat de ried dy sa gau mooglik krijt (antwurd b). Foar de ein fan it jier moat elke sint nei it ryk
ta ferantwurde wurde. It antwurd op fraach a is dat der mar twa R.O.C.'s yn Fryslân binne en it
Friesland College is it béste berikber foar de minsken út de gemeente Boarnsterhim en der binne
goede ûnderfinings mei. It antwurd op fraach c wit de wethâlder sa net, mar it is wichtich dat de
misken aktiveare en op gong holpen wurde.
Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten.
8. Foarstel ta wegering fan de bou-oanfraach foar it perseel De Trije Romers 7 te Reduzum.
De heer Soeten zegt dat de meerderheid van de fractie van de PvdA moeite heeft met de weige
ring van een bouwvergunning. Dit stukje Reduzum zou enorm opknappen en er is genoeg bouw
oppervlak voor een zesde woning. In principe lijkt volgens artikel 19 een vrijstellingsprocedure
mogelijk. De weigering lijkt verband te houden met het ontbreken van woningcontingenten en
met het feit dat het woonplan nog niet definitief is vastgesteld. De PvdA vraagt het college te
komen met een uniforme procedure inzake het restwoningcontingent en eens in de twee jaar aan
de hand van een inventarisatie een belangenafweging te maken. De PvdA vindt dat op korte ter
mijn het woonplan vastgesteld moet worden. Deze kwestie heeft voor de PvdA een hoge priori
teit. Deelt het college deze zienswijze? De fractie is het eens met de weigering van het college
om een garage op De Trije Romers 7 te realiseren.
De hear Van der Meulen seit dat it frustrearjend foar de minsken is dat der gjin wenningkontingint
is. Kin it kolleezje der dúdlikheid oer jaan wannear't der wol in wenning komme kin, binne der
mear driuwende gefallen, hoe wurdt dêr dan mei omgongen? It CDA hat kanttekeningen by in au-
toreparaasjebedriuw op de lokaasje. Wat tinkt it kolleezje oer de juridyske kant fan sa'n bedriuw
dêr?
De hear Van der Sluis is posityf oer de oanfraach omdat ferbou in ferbettering wêze soe foar dit
stikje Reduzum, mar hoe sit it mei dy 30 meter?
De hear Janse fynt dat it kolleezje te folie fêst hâldt oan it Streekplan foar Fryslân. Oare gemeen
ten ha mooglikheden fûn om bedriuwen yn lytse doarpen te krijen sa as Wymbritseradiel en
Achtkarspelen. It is wichtich om bedriuwen nei Reduzum te heljen en dat kin troch maatwurk te
leverjen. De hear Velstra hat oanjûn dat hy syn plannen oanpasse wol. It kolleezje moat har bést
dwaan om dit bedriuw yn Reduzum te krijen. It wenningkontingint is no wer de strofffelstien. Hy
fynt ek dat regels opsteld wurde moatte om dúdlikheid te krijen.
De hear Hemminga wol ek dúdlikheid oer it wenningkontingint. Syn fraksje is foar in wente en
de kapsalon mar tsjin in autoreparaasjebedriuw. De kommunikaasje mei de oanfregers kin better.
Der wurdt te min nei in oplossing socht.
Side 3
04 NOTULEN 21-01-2003/Foutl Onbekende naam voor documenteigenschap./3