Wethâlder Bouma seit dat it kolleezje de soarch oer it wenningkontingint dielt. Foar de 18 lytse kearnen binne der mar 25 wenten. It kolleezje kin yn twa jier mar fiif wenten ferdiele of yn ien kear de 25 wenten tawize. Dêr moatte goede kritearia foar opsteld wurde. Binnen trije moanne stiet it wenplan op de agenda foar de kommisje. Foar dy tiid kin wurke wurde oan in list fan min- sken dy't oanhâlden binne. Sy fynt ek dat der wat barre moat. Sy is it net iens mei de hear Hem- minga dat er gjin goede kommunikaasje wêze soe mei oanfregers fan bouplannen. Sy hat e- mailed mei de hear Velstra en sy hat seis de situaasje op De Trije Romers 7 besjoen. Sy hat dúd- lik tsjin him sein dat hy noch net oan bar is foar it honorearjen fan de bou-oanfraach. It kolleezje fynt ek dat it autoreparaasjebedriuw net op it betreffende plak past. It neidiel fan maatwurk is dat der in goede kontrôle wêze moat. It giet hjir om in wengebiet en de wenten stean ticht op el- koar. Dit bedriuw fait ûnder de miljeukategory (miljeufergunnings!) dêr't de 30 meter foar jildt. De oanfraach sa dy dêr no leit kin net honorearre wurde. Mefrou Dekker wol konkreet witte hoe lang it duorret foardat de oanfreger dúdlikheid krijt. Wethâlder Bouma andert dat it giet om twa dingen: it ynfoljen fan it gebiet en de oanfraach foar de bou fan in wente dy't keppele is oan it wenningkontingint. De oanfreger wit dat de artikel 19 proseduere trochrûn wurde moat. No is de komplete oanfraach hifke. Giet in autoreparaasjebe driuw net troch dan is it mooglik dat de proseduere flugger ferrint. De hear Postma freget wat it antwurd fan it kolleezje wêze soe as de oanfreger ree is om it auto reparaasjebedriuw ferfalle te litten. Wethâlder Bouma seit dat dat idee earder trochjûn wêze moatten hie. Sy herhellet dat it giet om in bedriuw en in wente. Dêr moat in nije oanfraach komme sûnder autoreparaasjebedriuw. Op de fraach fan de hear Janse dat it hjir giet om in bedriuwswente seit de wethâlder dat yn it wen plan, dat noch fêststeld wurde moat, 34 wenten op bedriuwsterreinen fêstlein binne. Foar de wethâlder is it nij of dizze situaasje fergelykber is. De foarsitter seit dat hy fan miening is dat in "indien/als-fraach" sa as steld troch de hear Postma relevant is. De wethâlder moat in antwurd jaan. De ried kin de oanfraach sa't dy der leit net wi- zigje. De ried kin oanjaan wat sy tastean wol. De hear Hemminga stelt foar dat de oanfreger in wizige oanfraach yntsjinnet. Dan kin de ried dêr har oardiel oer jaan. De oare fraksjes ha deselde miening. Yn de kommisje kin der noch oer disku- sjearre wurde. De hear Janse seit dat de FNP foar it hiele foarstel is mar meigiet mei de oare fraksjes om dizze saak oan te hélden. De hear Van der Meulen freget wat de folchoarder yn de proseduere wêze sil. Mefrou Dekker seit dat dizze oanfraach al genôch yn de kommisje oan de oarder west hat. De hear De Vries seit dat de minsken al 15 moanne wachtsje. De nije oanfraach moat meigean by it fêststellen fan it wenplan sadat der net te folie tiid ferlern giet. Wethâlder Bouma seit dat sy meigean kin yn it foarstel fan de ried. Sy stipt oan dat it net allinne oan it kolleezje lein hat dat it allegear sa lang duorret. Side 4 04 NOTULEN 21-01-2003/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 6