De foarsitter fettet de diskusje gear troch te sizzen dat de ried dit foarstel ôfwiist en dat de ried de opdracht oan it kolleezje jout mei de oanfreger te oerlizzen oer in nije oanfraach. De wethâlder sil de ried ferslach dwaan, al dan net fia de kommisje. Nei dizze diskusje wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it foarstel besletten. 9. Foarstel om yn prinsipe meiwurking te ferlienen oan It bouplan foar it fernijen en fergrutsjen fan in rekreaasjewente op in perseel oan de Marswier te Grou. De hear Janse seit dat dizze wente yllegaal is mar dulde wurdt. Troch in boufergunning wurdt de wente legaal. Hoe ferhâldt him dat mei it belied om bouwurken dy't al lang yllegaal stean, allin- nich mar te duldzjen? Wethâlder Bouma seit dat yn it kader fan it "handhavingstrajekt" fan 2001 dúdlike ôfspraken makke binne mei de ried. It hanthavenje fûn earst plak op wat der al lei. Dêrnei is yn "Op 'e Hich- te" dúdlik makke wat no oan bar is. Dizze wente wurdt sûnt 1960 al rekreatyf bewenne. De be- wenners fan no wenje dêr sûnt 1985 en ha frege om in ferbouwing bûten it gedielte dêr't it sku- orke stie. Dêr stie in soarte fan rekreaasjewente. Yn oerlis mei de minsken is sein dat it wol op itselde plak komme kin, mar der kin net in nije rekreaasjewente bûten it bouplak set wurden. It kolleezje kin nei al dy jierren net mear sizze dat sy dêr net mear wenje meie. De algemiene regel is dat in boufergunning ferliend wurde moat as alles hifke is (hoe lang stiet it bouwurk). De hear Janse seit dat legalisaasje presedinten skept. Syn fraksje is tsjin ferbouwing yn rekreaas- je gebieden. De foarsitter seit dat by in legalisaasje de normale romtlike feroarderings tapast wurde moatte. Wethâlder Bouma seit dat it gjin rekreaasjewente is mar in skuorke en de bou beslacht minder as 75 m2. It kolleezje moat in boufergunning ferliene. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it foarstel besletten, mei de oantekening dat de FNP-fraksje achte wurdt tsjinstimd te hawwen. 10. Foarstel ta It fêststellen fan it konvenant "Herstructurering". De hear Soeten seit dat de PvdA ynnommen is mei de gearwurkingsoerienkomst tusken de ge meente en "Woonwille" omdat ferbettering fan folkshúsfesting en wenkwaliteit yn de hiersektor wichtich binne. De PvdA ferwachtet dat hjirmei in goede start fan de werstrukturearring fan âlde wenwyken makke wurde kin. De gearwurking makket diel út fan it wenplan. It is goed foar de wengebieten, it grien en iepenbiere romten. It is in ambisjeus plan. De PvdA freget it plan sa út te wurkjen dat de belangen fan de hierders garandearre binne sa as ynformaasje, kommunikaasje en tydlike húsfesting en de jildsaken dy't dêrby hearre. De ried wol nau belutsen wurde by it út- wurkjen fan de dielplannen. De fraksje is bliid mei it foarstel fan it kolleezje om noch twa ynfor- mearjende en opinearjende riedsgearkomsten of kommisjegearkomsten te belizzen. De fraksje giet akkoart mei it foarstel. Mefrou Verkerk seit dat de VVD bliid is mei it tariedingskredyt. Pleatslik Belang moat belutsen wurde as it giet om karakteristike gebouwen: it parallelspoar by Aldeboarn en de direkteurswente fan it suvelfabryk. Pleatslik Belang fynt it útsjoch fanôf de Tsjerkebuorren op de direkteurswente wichtich. De fraksje is bliid dat de pro-aktive opset oernommen is troch it kolleezje en dat de ried ynformearjende en opinearjende opmerkings meitsje kin. De hear Hemminga slút him oan by de foarige sprekkers. Hy ûnderstreket it belang it pro-aktive belied út te fieren mei namme oer werstrukturearringsaken. Syn fraksje wol de budzjetten wer- om sjen yn it mearjierreplan. Side 5 04 NOTULEN 21-01-2003/Fout! Onbekends neem voor documenteigenschap./5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 7