De hear Janse seit dat de FNP fol lof is oer de oanpak fan de werstrukturearring en giet dêrom akkoart mei it tariedingskredyt. Oer de ynhâld seit hy dat de provinsje oanmerkings hat op it wenplan, ûnder oare op de klaim fan 250 ekstra wenten yn Grou en Akkrum. Hy ferwiist nei agindapunt 27. Dêr seit de wethâlder dat it noch ûnwis is of de restkontinginten fan Ljouwert wol ferdield wurde (113 wenten foar de gemeente Boarnsterhim). Dochs binne dizze wenten al fersein oan projekten yn Akkrum, Grou en Aldeboarn. Wentebou yn de oare doarpen is dêrtroch net mear mooglik. Syn fraksje is it dêr net mei iens dat yn de planning mar fjouwer fan de 26 projekten neamd wurde. De FNP fynt dat de ferfangingskontinginten komme moatte yn de lytse doarpen en wol dat dit opnommen wurdt yn it konvenant. Syn fraksje wol ek oantoand sjen of de 250 ekstra wenten yndie noadich binne. De FNP wol op papier sjen hoe't der omgean wurde sil mei karakteristike gebouwen (de Halbertsma-filla en de direkteurswente fan it suvelfabryk): dy moatte behâlden bliuwe. Wethâlder Bouma seit dat de werstrukturearring in gigantyske klus oant 2015 is. By it definitive konvenant dat foar de simmer klear wêze moat, wurdt de finansjele kant dúdliker. De gemeente seis hat al in soad ynsichtlik makke wat der barre moat (riolearring, ûnderhâld). Foar wenningkor- peraasje Woonwille binne de finânsjes fansels ek wichtich. It kolleezje riedet in reaksje ta as ant- wurd op de ynformaasje dy't de kommisje fan oerlis jûn hat oer de 113 wenten. De ried hat dat krige as ynformaasje. De 20 wenten yn Aldeboarn hearre net by dy 113 mar steane yn it wenplan. De ried wurdt op 'e tiid belutsen by de dielplannen en de ried nimt in beslút as it defini tive konvenant foar leit. Yn oerlis mei Woonwille is besletten in begjin te meitsjen mei dy fiif pro jekten dy't op koarte termyn mooglik binne (wenten foar starters/senioaren). Dat binne bygelyks Wergea en Aldeboarn en Grou. Foar de ferfolchfaze oant 2009 is al in oersjoch fan projekten makke. De fraach oer de ferfangingskontinginten wurdt meinommen troch de wethâlder. As it giet om karakteristike gebouwen moat sjoen wurde nei it hiele gebiet, nei de finânsjes, kin it ge- bou in funksje krije. By de plannen kin rekkening hélden wurde mei in karakteristyk gebou. De wethêlder kin gjin garânsje jaan of bygelyks de direkteurswente yn Aldeboarnstean bliuwe kin. As it safier is moatte ôfwagings makke wurde. De foarsitter seit dat de ried op dit stuit gebrûk makket fan it "kaderstellend" foech om in alge- mien advys oan it kolleezje te jaan. Alle projekten komme noch oan de oarder. De hear Van der Meulen seit dat wat it hierwentekontingint oanbelanget de gemeente oer tsien jier efteroan rint as der net wat bart. De werstrukturearring sil de kommende jierren de finênsjes fan de gemeente foar in diel behearskje. Hy freget de stipe fan de ried om de projekten yndie yn gong te setten. It CDA stipet de wethêlder yn har miening dat sy net de garênsje jaan kin of ka rakteristike gebouwen wol of net stean bliuwe kinne. De hear Van der Meulen freget it kolleezje te oerlizzen mei Pleatslik Belang en belanghawwenden en de ried te ynformearjen. De hear Janse ûnderstreket dat de FNP karakteristike gebouwen wichtich fynt en freget it kol leezje noch in kear om dêr alle war foar te dwaan. Wethêlder Bouma seit dat it kommunikaasjeplan noch yn de ried komt. It Onderwerp komt wer werom sadat de ried him dêr oer útsprekke kin. De foarsitter seit dat de karakteristike gebouwen dêr't no oer praat wurdt gjin status ha. De ried soe deroer prate kinne om se op de monumintelist te krijen. Mefrou Dekker seit dat dit Onderwerp faak in gefoelskwestje is. Nei dizze diskusje wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it foarstel besletten. Side 6 04 NOTULEN 21-01-2003/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 8