11. Foarstel ta it opstellen fan In "Waterplan". De hear Van der Sluis fynt it skande safolle jild yn dit plan te stekken. De hear Hemminga slút him derby oan. Syn fraksje jout gjin prioriteit oan dit plan. Wethâlder Van den Berg seit dat him wol problemen foardogge by eigendomssituaasjes (it Wet- terskip, bestimmingsplannen). De gemeente kin "meilifte" mei it Wetterskip Fryslân en kin sa kosten besparje. De hear Van der Sluis freget him óf of 23.000,00 genóch is om te beskriuwen wat wetter fan wa is. Wethâlder Van den Berg seit dat dit plan gjin lúkse is. 50% fan de kosten is foar de gemeente, bygelyks noadich foar it ûndersyk troch de amtlike organisaasje. De hear Hemminga is net oertsjûge fan de prioriteit fan it plan. Hy ferwachtet dat in nij wetter skip wer oare plannen hat. Hy wachtet leaver. Wethâlder Van den Berg seit dat, ek as de organisaasje fan it Wetterskip feroaret, it Wetterskip it wichtich fynt dat alle gemeenten goed ynsichlik ha hoe it der foar stiet. De hear Postma seit dat dit plan sa breed is dat hy bang is dat de kâns grut is dat de gemeente fersûpe kin. De hear Zijlstra is it net mei de foarige sprekkers iens. Hy fynt it wichtich om de saken (ferant- wurdlikheden) op papier te setten. Dan wurdt der stimd. De leden fan de VVD en Gemeentebelangen binne tsjin it foarstel. Der wurdt neffens it foarstel besletten. 12. Foarstel oangeande de ûndersykopdracht foar de riedswurkgroep Gemeentehûs. De hear Van der Meulen giet akkoart mei it foarstel mar hat muoite mei de folchoarder. De yn- wenners moatte goed ynformeare wurde. De hear Janse seit dat syn fraksje it ûndersyk te breed opsetten fynt en de útlutsen 30.000,00 tefolle. De FNP giet wol akkoart mei it foarstel. De hear Hemminga seit dat Gemeentebelangen akkoart giet mei de opdracht. Hy freget de lo kaasje Heineken yn 'e efterholle te hâlden. De hear Zijlstra seit dat de PvdA akkoart giet mei it foarstel en der fan út giet dat de sinten goed bestege wurde. De hear De Vries (foarsitter fan de wurkgroep) seit dat yn de moasje de wurkgroep trije moanne (oant april, maaie) de tiid krigen hat om har wurk te dwaan. Der leit in tiidsdruk op de wurkgroep want de ûndernimmingsried hie yn febrewaris al nijs hearre wollen, mar de wurkgroep wol soar- chfâldich en kompleet wêze sa dat de ried ta in ferantwurde beslút komme kin. It is mooglik dat ferslach útbrocht wurdt yn de kommisje of yn de riedsgearkomste fan april en ek tuskentroch kin ferslach nei de boargers ta dien wurde. Alle fraksjes ha in fertsjintwurdiger yn de groep en elts hat de moasje goed lézen en de konklúzje wie dat der gjin beheinings binne. Op grûn dêrfan is Side 7 04 NOTULEN 21-01-2003/Fout! Onbekende naam voor documenteigenachap./7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 9