en no in beslút te nimmen. Dat is tsjin de boargers oer oannimlik. It tiidsferrin hat te meitsjen mei it feit dat der faak oer de saak praat is. De hear Van der Meulen freget oft de belanghawwenden op de hichte brocht wiene fan de be- hanneling yn de kommisje. It is goed dat it kolleezje tiid nommen hat om de saak goed te oer- waagjen en it CDA fynt de arguminten sterk yn ferbân mei presedintwurking. De ried hat yn it bestimmingsplan fêstlein dat it sicht op Akkrum sa bliuwe moast. De hear Hemminga seit dat it sicht wichtich is mar dat Hûs en Hiem der binne om te sjen wat noch wol mooglik is. Hy mist yn it antwurd fan de hear Dijkstra de logika. De hear Bouma ûnderstreket de opmerkings fan Gemeentebelangen en wol sjen wat noch moog lik is. De hear Dijkstra seit dat dizze fraach in ynhâldlike fraach is dy't troch de ried beändere wurde moat. As de ried wat oars dwaan wol dan it foarstel dan moat it bestimmingsplan wizige wurde. Hy seit dat de ried altiten sein hat gjin feroarings te wollen. De ôfwizing fan it advys is dus logysk. As Hûs en Hiem dêr oer gear giet, giet dat oer in komplete bou-oanfraach en net oer wat wol of net kin. Stimferklearrings: Gemeentebelangen en de VVD fine dat in advys fan de kommisje fan berop- en beswierskriften opfolge wurde moat. De PvdA en de FNP fine dat sy it foarstel folgje moatte en de ried de ferantwurdlikheid net ôf- skowe moat nei Hûs en Hiem. Nei dizze diskusje wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it foarstel besletten. De foarsitter sit de gearkomste wer foar. 10. Foarstel oangeande de Sportnota. De hear Roorda seit dat de PvdA bliid is dat de sportdielname yn Boarnsterhim relatyf heech is, dat der in ferskaat oan foarsjennings is en dat der in soad minsken binne dy't wille yn de sport ha. Dat seit wat oer de leefberens yn de gemeente. Dêr moat noch wol wat barre foar de jeugd fan tolve oant achttjin jier en de fyftichplussers. In grut diel fan dy groepen hâldt op of nimt net mear diel oan sporten. De PvdA hat muoite mei de ambysjes yn de sportnota omdat dy frij heech lizze. De nota is skreaun foar in gruttere gemeente as Boarnsterhim. It oanstellen fan ferieningsmanagers giet te fier. Ferienings seis lizze de klam mear op akkommodaasjes, de kommumkaasje mei de gemeente en it tariven - en subsydzjestelsel. It is goed om nei dy winsken te lústerjen. De fraksje hie foar it fêststellen fan de sportnota in iepenbiere gearkomste ha wollen. De diskusje fan oankommende 12 maart hat allinnich sin as de reaksjes serieus nommen wurde en liede ta bystelling fan de nota. Is de wethâlder der ree ta? It sportaksjeprogramma foar 2003- 2004 is yn de kommisje west en finansjeel ferdúdlikt mar noch wol globaal. Dêrtroch binne ferskillende saken noch ûnwis (de kommersjele eksploitaasje fan it swimbad en de eventuele ferpleatsing fan de sport nei de Rykswei 32). Dêr moat dúdlikheid komme op koarte termyn. It ûnderhâld fan besteande akkommodaasjes hat foar de PvdA in hegere prioriteit dan nije foarsjennings. Dat slút oan by de kwaliteitsferbettering fan de sport. Foar nije ynvestearings moat draachflak wêze ûnder de ferienings en de befolking. Rjochting de kuorbalferienings seit de hear Roorda dat der in model wêze moat wêrút dat draachflak blykt. De definysje fan topsport jout neffens de hear Roorda in soad betizing. Hy docht it foarstel om dy term te feroarjen yn trendûntwikkeling en freget de wethâlder dêr wat fan te sizzen. De PvdA freget spesjaal Side 8 04. Notulen 18 febrewaris 2003/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 10