Moasie Neffens art.34 fan it R.F.O. fan de Ried fan de gemeente Boarnsterhim Underwerp: Evaluaasje ferkearsmaatregels Bûtlânswei Oanlis fytspaad by Jirnsum De Ried fan de gemeente Boarnsterhim byinnoar yn gearsit op 18 febr. 2003, Yn omtinken nimmende dat: 1) by it fêststellen fan it Ferkears- en Ferfiersplan yn de maaityd fan it jier 2000 de Ried besletten hat om: a) de Bûtlânswei foar it trochgeande ferkears óf te sluten en it effect fan dizze maatregel nei ien jier te evaluearjen, b) In fytspaad by Jirnsum oan te lizzen, 2) de sifers fan it ferkearsûndersyk al mear as in jier beskikber binne 3) yn de mearjierrenrûzing fan de maaitydsnota 2000 de Ried al jilden opmmme litten hat foar de oanlis fan it fytspaad 4) de evaluaasje noch net plak fün hat en it fytspaad noch net fierder is as it planstadium Is fan betinken dat de útfiering fan beide projekten net langer útsteld wurde kin Draacht it kolleezje op de evaluaasje fan de effekten fan it ófsluten fan de Bûtlânswei yn de kommisje WWR fan 1 april 2003 oan de Ried foar te lizzen en de oanlis fan it fytspaad foar 1 aug. 2003 út te fleren. En giet oer ta de oarder fan de dei. Yntsjinne troch de fraksje fan de FNP A. Bijlsma S.Janse

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 15