Moasie Neffens art.34 fan it R.F.O. fan de Ried fan de gemeente Boarnsterhim Underwerp: Behâld Halbertsmafilla yn Grou en directeurswente âlde bûterfabryk yn De Ried fan de gemeente Boarnsterhim byinnoar yn gearsit op 18 febr. 2003, Yn omtinken nimmende dat: 1) beide wenten karakteristieke en byldbepalende gebouwen binne, 2) beide wenten fan grutte emoasjonele wearde binne foar de beide doarpsmienskippen. Foar Grou fanwege de Halbertsma's dy't mei harren fabryk ekonomyske groei en wurkgelegenheid brocht ha en om't yn de filla yn de twadde wrâldkriech de SD húsmanne hat. Foar Aldeboarn as symboal fan in wichtich tydrek yn de skiednis fan de Fryske suvel, namtlik dy fan it stiftsjen fan coöperaasjes en it bouwen fan "bûterfabriken De Halbertsmafilla yn beskermd doarpsgesicht stiet. 3) beide wenten op lokaasjes steane dêr't yn de le fase fan de werstrukturearing nije wenten bout wurde sille(yn dy earste fase sille dit de earste projekten wêze dy't útfierd wurde sille), en grutte kans bestiet dat se sloopt wurde sille 4) beide wenten op de groslist fan gebouwen fan it noch yn dit kolleezje-tydrek fêst te stellen gemeentlik monumintebelied steane 5) de boukundige steat fan de Halbertsmafilla troch leechstân hurd efterút gien is en de ynwenners fan Grou harren der grutte soargen oer meitsje Sprekt út dat beide gebouwen behâlden wurde moatte Draacht it kolleezje op maatregels te treffen om fierder ferfel fan de Halbertsmafilla tsjin te gean en it monumintebelied yn de maaitydsnota fan 2003 op te nimmen. En giet oer ta de oarder fen de dei Yntsjjgpe troch de ffaksje fen de FNP Aldeboarn

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 16