BOARNSTERHIM gemeente NOTULEN Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 18 febrewaris 2003 om 20.00 oere yn it Riedhûs yn Grou. Oanwêzich: De riedsleden: fan Gemeentebelangen 2000: mefrou T.D. Troost-Akkerman en de hearen N. Boringa, J. Hemminga en H.G. Postma fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen en de hearen J. Roorda, J.R. Soeten, A.J. de Vries en J. Zijlstra fan de VVD: mefrou E. Verkerk en de hearen S. Bouma en M. van der Sluis fan it CDA de hearen J. Gerbrandij, G. de Jong en D. van der Meulen fan de FNP: de hearen A. Bijlsma en S.G. Janse De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: mefrou J. Bouma-van den Brink en de hear H.A. Jonkers Foarsitter: de hear Y. Dijkstra Fice-foarsitter: de hear J. Roorda Griffier: de hear R.P. van der Starre Ofwêzich: mefrou K. van den Berg-Wiersma (wethâlder) 1lepenjen. De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen fan herte wolkom. 2. Gelegenheid om fragen te stellen foar boargers. Fan de gelegenheid wurdt gjin gebrûk makke. 3. It fêststellen fan de wurklist. Op fersyk fan de hear Bijlsma wurdt agindapunt 6 in B-stik. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 21 jannewaris 2003. It ferslach wurdt ûnferoare fêststeld. De hear Bijlsma wol graach tenei by de nammen oanwêzich/ôfwêzich ek de politike partij neamd ha. 5. Ynkommen stikken. Nûmer 5: De hear De Vries wol dizze notysje beprate yn de kommisje. Nûmer 10: De hearen Roorda en Bijlsma fine dit in wichtige moasje yn it kader fan de diskusje oer noarmen en wearden. Sy freegje de ried in adheezje-betsjûging út te sprekken en de gemeente Woensdrecht dêrfan skriftlik op de hichte te stellen. Ofpraat wurdt dat dêr earst yn de kommisje oer sprutsen wurde sil. 04. Notulen 18 febrewaris 2003/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 3