Nûmer 11: De hear Van der Sluis freget hoe de problemen oplost wurde sille. Nûmer 12: De hear Roorda wol dat dizze brief belutsen wurdt by de evaluaasje-notysje. De hear Bijlsma wol dizze brief yn de kommisje behannele ha en brûke by de evaluaasje fan it simmerseizoen. Nûmers 8 oant en mei 16: De hear Biilsma fynt dat by ferskate punten ek de griffier belutsen wurde moat. De foarsitter seit dat de punten 11 en 12 noch yn de ried oan de oarder komme. 6. Foarstel oangeande it beneamen fan de griffier. Dit is in B-stik wurden. De hear Bijlsma is bliid mei de beneaming fan de griffier en jout it kolleezje in komplimint fanwege de gong fan saken. Hy hopet dat de hear Frensel it Frysk gau aktyf machtich wurde sil. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 7. Foarstel om gjin meiwurking te ferlienen oan it frijstellingsfersyk foar it ynnimmen fan in lisplak foar in rekreatyf wenskip op in perseel oan it eilân De Burd. De hear Hemminga freget de hear Hania dúdlike arguminten te jaan wêrom hy gjin rjocht hat op in nij lisplak. De hear Janse wol witte wêr it ferslach fan de gearkomste op 12-02-1991 bedarre is. Hy freget it kolleezje te soargjen foar goede ferslaggen en de belutsenen in akkoartferklearring tekenje te litten. Wethâlder Bouma seit dat boargers it antwurd op fragen meastentiids krije yn de foarm fan in antwurdbrief. Soms wurdt der in echt ferslach makke fan in gesprek. De wethâlder moat sizze dat it ferslach wêr de hear Janse nei freget net te finen is. Yn antwurd op de fraach fan de hear Hemminga herhellet de wethâlder dat it nije bestimmingsplan bûtengebiet, fêststeld yn 1998, gjin romte mear jout foar nije lisplakken. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it foarstel besletten. 8. Foarstel ta ûndersyk Privatisearing rekreaasjekompleks Tusken de Marren te Akkrum en beneaming fan de foardrûgen fertsjinwurdigers as leden fan de Stifting. De foarsitter dielt mei dat de hear A.J. van der Vaals him weromlutsen hat as kandidaat foar in plak yn it bestjoer fan de stifting Tusken de Marren. De hear Janse seit dat de FNP ynstimt mei punt 2 fan it foarstel. By punt 1 hat de FNP in betingst en komt dêrom mei in amendemint. "Foegje oan it útstel in punt 3 ta: "Bestim de helte fan de opbringst mei in maksimum fan 450.000,00 foar it projekt Oankeapjen en it Werstrukturearjen UTD-terrein en it revitalisearjen fan it yndustryterrein Spikerboor." Redenen b.nne dat it rûze tekoart fan dit projekt 900.000 is en dit tekoart freget in ekstra finansjele ynspanning fan de gemeente wêryn Akkrum op dizze wize seis bydrage kin en dy't oars te folie Side 2 04. Notulen 18 febrewarls 2003/Foutï Onbekende naam voor documenteigenschap./2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 4