Side 2 Finânsjes: De kostpriis fan it ferstjoeren fan ien kommisje is berekkene op 2,30. Op jierbasis komt del op 27,60. Foar twa kommisjes binne dan de kosten C 55,20. Hjiryn is 0,50 ferwurke foar tiid. In digitaal jierabonnemint kin dan oanbean wurde foar 6,00 foar ien kommisje en 12.00 foar twa kommisjes. Utfiering: De oanbelangjende persoanen krije in brief wêryn harren de mooglikheid jûn wurdt om in kar te meitsjen út de beide mooglijkheden. De abonneminthâlders op de riedsstikken ek de mooglikheid jaan om in digitaal abonnemint te nimmen. Fan ien en oar meidieling dwaan yn Op'e Hichte. Kommunikaasje: Oanbelangjenden krije persoanlik bericht. Riedskommisje(s): De foarsitter fan de kommisje hat konkludearre dat it útstel in B-stik is. Ut de diskusje docht bliken dat de leden fan miening binne dat der allinne leezjes berekkene wurde meie as de stikken tastjoerd wurde. Fia e-mail moatte de stikken gratis oanbean wurde, sa fynt men. De ried krijt noch in brief fan it kolleezje, dêr't yn oanjûn wurde sil dat it kolleezje it foarstel kon- form de winsk fan de riedskommisje oanpasse sil. Taheakke: N.f.t. Op besjen lizzende stikken: Wiziging fan de leezjesoardering. Beslút: konform útstel ôfwikend, te witten: Grou, 18 maart 2003. De ried fan 'e gemeente Boarnsterhim, de griffier, ^e foarsitter, (M. Frensel) <Y- Dijkstra) kopy oan:fi (nd)(bl);ys(sb) 10. postabonnemint kommisjestikken/izsb/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 50