BOARNSTERHIM gemeente B U Riedsgearkomste: 18 maart 2003. Nu. Omskriuwing Utfiering 2. Gelegenheid om fragen te stellen foar boargers. Wurdt gjin gebrûk fan makke. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. De wurklist wurdt oanpast. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 18 febrewaris 2003. Mid. Oanhâlden oan 't de ried fan april; opmerkings wurde ferwurke yn it ferslach fan 18 febrewaris. 5. Ynkommen stikken. Mid. Konform fêststeld. De hear De Jong kriget fia de kommisje BMM ynformaasje oangeande punt 5. 6. Beëdigjen fan de griffier. Mid. De griffier wurdt beëdige. 7. Moasie fan de fraksje fan de FNP oangeande evaluaasje ferkearsmaatregels WWR Bûtlânswei en oanlis fytspaad by Jirnsum. Weromnaam. Tasizzing fan de wethâlder: evaluaasje yn de kommisje fan septimber/oktober; begjinne mei de oanlis fan it fytspaad yn septimber. 8. Moasie fan de fraksje fan de FNP oangeande it behâld fan de Halbertsmafilla WWR en de direkteurswente fan it âlde bûterfabryk yn Aldeboarn. Fersmiten met 15 stimmen tsjin en 2 stimmen foar. 9 Foarstel oangeande it Beliedsplan Sosjale Saken 2003. B&S Konform besletten. Amendemint fan de FNP weromnaam. Kommisje BMM kriget notysje fan it haad Sosjale Saken. Wethâlder Jonkers hat tasein om de kommisje te ynformearjen oer de moog- likheden fan Prohef. 10. Foarstel oangeande it abonnemint op de kommisjestikken. Mid Konform besletten, útsein digitaal abonnemint op de rieds- en kommisje stikken, dit sil fergees oanbean wurde. beslutelist 18 maart 2003/iajb/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 83