Dan wurdt der persoanlik stimd oer punt 2 fan it foarstel. It giet om beneaming fan de folgende hearen: H. de Vries út Akkrum, A. Hardeman út Akkrum, H.B. Reinders út Oranjewâld, G.H. Pippel út Aldeboarn, C.l. Koffeman út Grou en J. van der Leij út Jubbegea. Dan wurdt neffens punt 2 fan it foarstel besletten mei 10 stimmen foar en 7 stimmen tsjin. Tsjinstimd hawwe de leden Bouma, Van der Sluis, Verkerk, Boringa, Troost, Hemminga en Postma. Stimferklearrings De hear Postma seit dat Gemeentebelangen foar de beneaming is fan de leden fan de ferienings út Akkrum en de foarsitter. Gemeentebelangen is tsjin it beneamen fan amtners om prinsipiële redenen en net om persoanlike of kwalitative redenen. De hear Roorda seit dat hy him net oan syn ferantwurdlikheid ûntlûke wol en dat hy dêrom foar it foarstel stimt. De hear Postma krijt fan de foarsitter de gelegenheid om op de stimferklearring fan de hear Roorda te reagearen. Hy seit dat syn fraksje yn it nije duale stelstel, har prinsipiële stânpunten nei foaren bringe mei. Ek fynt syn fraksje dat hja har oan de statuten hâlde moat. It stiftingsbestjoer komt mei in advys. Dit foarstel komt wer werom yn de ried. De hear Zijlstra seit dat hy it iens is mei de hear Roorda en hy freget him óf hoe 't no fierder gean sil. De hear Roorda seit dat de wethâlder de benadering troch Gemeentebelangen net fertsjinnet. Dy spant him op in goede wize yn. De hear Postma is it mei dy léste opmerking iens en seit dat Gemeentebelangen net in ûnbetroubere partner wêze wol. 9. Foarstel oangeande it ûnbegrûne ferklearjen fan in beswierskrift tsjin de wegering fan in boufergunning c.a. foar in serre op it perseel Kleeft 1-3 te Akkrum. De fice-foarsitter sit de gearkomste foar. De hear Zijlstra seit dat it beswierskrift net ûntfanklik is omdat it ófwykt fan it bestimmingsplan. Ek soe der oars in presedintwurking fan út gean. Hy freget him óf wat wol mooglik is oan de kant fan de Boarn. De hear Hemminga seit dat in kommisje fan berop- en beswierskriften der net samar is. Tsjin de boargers oer is it konsekwint om earst dit advys op te folgjen, dan Hûs en Hiem om advys te freegjen en dêrnei in beslút te nimmen. De hear Janse seit dat de ried net ófstappe kin fan it advys fan it kolleezje. Opfolgje fan it advys fan de kommisje berop- en beswierskriften bestjut dat de ried it bestimmingsplan oan de kant skout. De hear Bouma seit dat it advys fan de kommisje fan berop en beswierskriften opfolge wurde moat. Hy fynt it tiidsferrin fanóf augustus 2001 oant jannewaris 2003 grut. De hear Dilkstra seit dat it swier is om fan it advys fan de kommisje berop- en beswierskriften óf te wiken. In dizze situaasje wurdt ófwykt fan it bestimmingsplan. De ried hat dêroer in dúdlik in stânpunt ynnommen. De ried moat yn steat wêze in advys fan dizze kommisje neist har del te liz- zen yn útsûnderlike situaasjes. De ried hat it foech. It kolleezje freget it foarstel oan te nimmen Side 7 04. Notulen 18 febrewaris 2003/Fout! Onbekende naam voor documenteigenschap./7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 9