BOARNSTERHIM gemeente notulen Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhlm hâlden op 18 maart 2003 om 20.00 oere yn it Riedhûs te Grou. Oanwêzich: De riedsleden: fan Gemeentebelangen 2000: mefrou T.D. Troost-Akkerman en de hearen N. Boringa, J. Hemminga en H.G. Postma fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen en de hearen J. Roorda, J.R. Soeten, A.J. de Vries en J. Zijlstra fan de VVD: mefrou E. Verkerk en de hearen S. Bouma en M. van der Sluis fan it CDA: de hearen J. Gerbrandij, G. de Jong en D. van der Meulen fan de FNP: de hearen A. Bijlsma en S.G. Janse De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: mefrou J. Bouma-van den Brink, mefrou K. van den Berg-Wiersma en de hear H.A. Jonkers Foarsitter: de hear YDijkstra Fice-foarsitter: de hear J. Roorda Griffier: de hear M. Frensel De foarsitter hjit elkenien wolkom, yn it bysûnder de te beneamen griffier, de hear Frensel. Tank oan de hear Van der Starre foar syn goede wurk as ferfangend griffier yn de perioade oan no ta. 2. Gelegenheid om fragen te stellen foar boargers. Der binne gjin ynsprekkers. 3. It fêststellen fan de wurklist. De foarsitter: Fraksjes hawwe oanjûn dat sy dizze jûn it foarstel oer it doarshûs yn Raerd be- sprekke wolle en dêroer beslute wolle. Behannelje by punt 12, dêr't it ynearsten ek stie. Van der Meulen: Wol yndied graach it mienskiplik skreaune riedsfoarstel dizze jûn oan de oarder hawwe. Mefrou Dekker: Agindapunt 8 (moasje FNP Halbertsmafilla Grou en direkteurswente Aldeboarn) skrasse. Yn de kommisje hat it punt oan de oarder west en hat de wethâlder in dúdlik antwurd jûn. De moasje is te prematuer. Janse: It reglemint gjin gewelt oandwaan. Oan de ein fan de gearkomste moatte de moasjes be- hannele wurde. Twads: de werstrukturearring giet troch en dêrom moat der no wat ûndernom- men wurde. I, ICpCMJCII. 04. ferslach 18 maart 2003/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 14