De foarsitter: Bringt de moasje yn stimming. 15 stimmen tsjin en 2 foar (FNP) en dêrmei fersmi- 9. Foarstel oangeande it Beliedsplan Sosjale Saken 2003. Roorda: Soarch oer de takomst fan de Wiw en ID-banen en ek oer de taname fan de wurklea- zens. Graach by de foarjiersnota oer dy saken wat sifers. It is spitich dat it foarstel útwreiding minimabelied foar maatskiplike aktiviteiten fan bern oant 5 jier fan âlders mei in minimumynkom- men noch net op tafel leit. Wannear komt dat? It oerskot fan de bystân is brûkt foar allin- nesteande âlders. Hoe sit dat yn 2003? Fierder akkoart mei it foarstel. Bijlsma: Ynstimming mei it foarstel. Wol soargen oer gearwurking mei CWI yn Ljouwert. Dat evalueare benammen op it mêd fan privacy-gefoelichheid. Bliid mei de regeling foar bern oant 5 jier. Fersyk om oprop fan kliïnteried te honorearjen om groanysk siken ek foar bepaalde regelin gen yn de beneaming komme te litten. Tsjinnet oangeande Wiw-ers en ID-ers in amendemint yn (ûndersyk nei eksperimint mei Prohef-systeem). Wethâlder Bouma: De fraach oer bystân allinnesteande âlders yn 2003 moat útsocht wurde en dat jildt ek foar mooglik foech kolleezje foar útfiering regeling foar bern oant 5 jier. It ryk wol jild beskikber stelle foar minima, mar de útwurking en ynfloed op no taseine ekstra's is noch net be kend. Wethâlder Jonkers: Deelt zorg beleid regering omtrent Wiv en ID (30% korting). Wiv is momen teel weer op nulpeil en dat geldt ook voor ID. Er is dus weer nieuwe instroom mogelijk. Mede door werk Traject BV. Het amendement voorshands niet onderschrijven. De materie is in het ver leden vaker door de heer Van der Baan aan de orde gesteld. Is wel bereid om met de gemeente Leeuwarden contact hierover op te nemen. Twadde termyn Bijlsma: It giet om in ûndersyk nei mooglikheden Prohefsysteem. Sa is it yn Ljouwert ek oan- nommen. Neffens de gids fan it ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid wurde der jil- den tafoege oan it gemeentefûns om it earmoedebelied te yntinsivearjen en wurde besteande re gelingen net ûnder druk set. Roorda: Graach gau berjochtsje oer foech kolleezje útfiering belied foar regeling foar bern oant 5 jier. It giet der benammen om dat it sa gau mooglik útfierd wurdt. Spitich dat FNP de ried net foarljochte hat oer Prohefsysteem. As de ried it goed taliket, kin miskien it Prohefynformaasjesin- trum yn de kommisje foarljochting jaan. Bijlsma: De achterlizzende ynformaasje is trije wiken lyn by de fraksjefoarsitters dellein. Roorda: Foar in ûndersyk sil ek jild beskikber steld wurde moatte en de moasje giet op dit stuit tefier. Van der Meulen: It kolleezje kin dernei sjen en útkomsten dêroer oan de kommisje trochdwaan. Fierder kompleminten foar de organisaasje. Wethâlder Bouma: Der sil ynformaasje nei de kommisje komme oer útwurking regeling Sosjale Saken. Wethâlder Jonkers: Er zal informatie bij gemeente Leeuwarden en CHN opgevraagd worden. Bij een eventuele volgende stap zal een en ander financieel in beeld gebracht moeten worden. Side 6 04. ferslach 18 maart 2003/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 19