De ried hat it rjocht om mei eigen inisjatyffoarstellen te kommen. It hierbedrach kin kapitalisearre wurde en der bestiet it rjocht om 30 jier bepaalde saken te claimen. In oare eigener nimt it ge- brûksrjocht mei, dêr is de tredde partij oan bûn. De eigner moat op syn eigen saak passé. Van der Meulen: Elke sitewaasje is oars en de geast fan de oplossing is kaderstellend. De Vries: De oplossing is nij. Yn de kommisje nochris sjen nei it belied oangeande multi- funksjonele gebouwen. Wethâlder Van den Berg: Kin de gemeente 7 dagen de romte brûke? Postma: Der stiet beskreaun: 'Vier dagdelen en zoveel meer er in de toekomst nodig is.' Wie betaalt, bepaalt. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it inisjatyffoarstel besletten. 13. Foarstel oangeande feroardering eks artikel 213a Gemeentewet (periodyk ûndersyk bestjoer). Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 14. Foarstel oangeande ôfhanneling fan de beswierskriften rjochte tsjin twa tariedingsbesluten, beide foar in perseel oan de Utbuorren te Terherne (Paviljoen anneks natuerfoarljochtingssintrum fan Kameleon Terherne BV). Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 15. Foarstel oangeande it nimmen tariedingsbesluten: foar de gebieten Terherne, Tersoal, Sibrandabuorren en it bûtengebiet fan de gemeente Boarn- sterhim foar it perseel Nieuwe Kade 5 oant en mei 9 te Grou Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 16. Foarstel om gjin meiwurking te ferlienen oan it bouplan foar it bouwen fan in haven kantoar op it perseel Garde Jagerswei 74 te Grou Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 17. Foarstel om yn prinsipe meiwurking te ferlienen oan it frijstellingsfersyk eks artikel 19, lid 1 WRO foar it útwreidzjen fan in jachthaven op it perseel Wjitteringswei 23 te Jirnsum De Jong: Yn de kommisje is frege nei in trochbraak nei de Snitser Mar foar in feiliger sitewaasje. Dêr is gjin antwurd op kommen. Janse: Hat oer de oanhelle prinsipetasizzing út 1996 neat fine kinnen. Der moat boppedat wol sa'n 1000 m útgroeven wurde. It is frjemd dat der yn it bestimmingsplan bûtengebiet neat hjiroer opnommen is. Der is sprake fan in swalkjend belied bûtengebiet. De fergrutting fan de haven fynt yn in natuergebiet plak. Van der Sluis: Hoe sit it mei de Habitatrjochtline en is der planskea te ferwachtsjen? Wethâlder Bouma: Undersykje hoe't it mei de Habitatrjochtline sit, mar de ried kin no wol in be- slút nimme. Mei dizze oanfraach nei de provinsje en dêryn de suggestje fan de hear De Jong oer in trochbraak meinimme. It kolleezje is fan betinken dat de prinsipetasizzing wol dien is en der is gjin sprake fan in swalkjend belied:de regels wurde achtslein. Natuergebieten slute gjin aktivitei- ten út en der fynt in ekologysk ûndersyk plak. Fan planskea is op dit stuit neat bekend. As dat der al komt, dan wurdt it oan de ried foarlein. Side 10 04. ferslach 18 maart 2003/absh/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 23