Nijere ynformaasje oer de finansjele situaasje fan no en kommende útwikelings en de stân fan saken rûn it programma-management Grou hat oanlieding west om twa haadstikken oan de rap- portaazje ta te heakjen. Dizze haadstikken befetsje ynformaasje wêrfan wy tinke dat it wichtich is om by de beslútfoarming te belûken. Wy hawwe ús hjirby beheind ta feitelike ynformaasje en dogge fansels gjin útspraken oer saken dy't noch it politike beslútfoarmings-trajekt ynmoatte. Wy realisearje ús dat dizze haadstikken net allinnich ynformaasje jouwe, mar tagelyk ek fragen op- roppe. Fragen dy't fanut oare kaders en op in oar momint beäntwurde wurde sille. De einrapportaazje lit him ienfâldich léze en hat in logyske opbou: Ynlieding Dit haadstik giet oer de opdracht en de wurkwize fan de wurkgroep. Ek de petearen dy't de wurkgroep fiert hat mei tal fan minsken en organisaasjes en de "eksterne deskundigen" dy't de wurkgroep ynskeakele ha, wurde yn dit haadstik beskreaun. Finansjeel en romtelike ynformaasje In útiensetting fan de finansjele situaasje no en de effekten fan de besunigingsplannen fan de regearing op de begrutting fan Boarnsterhim (koarte en middellange termyn). Yn dit haadstik ek in beskriuwing fan de romtelike situaasje yn Grou wêrby ynsicht jûn wurd yn de saken dy't op dit mêd spylje en op hokker wize dizze saken mei-inoar ferbân hawwe. De fiif senario's In dit haadstik wurde fiif senario's op in fergelykbare wize yn byld brocht. Njonken feitelike ynformaasje jout de wurkgroep by de ferskate senario's ek de sterke en swakke punten oan. Per senario brede ynformaasje dat in dúdlik byld jout oer de mooglikheden, foardielen en be- heinings. Yn dit haatstik is ek in yntegraal oersicht opnommen fan de senario's; in oersichtlik en helder ôfwagingskader foar de ried. It Riedshûs Yn in oantal senario's sil it gebrûk fan it Riedshûs net mear needsakelik wêze. De wurkgroep is frege om gebrûksalternativen te ûndersykjen en de kosten fan renovaasje en restauraasje yn byld te bringen. Ek de subsydzje mooglikheden ha hjirby omtinken krige. Bylagen In oersicht fan alle stikken dy't by de rapportaazje hearre en de stikken dy't de wurkgroep by har tariedings op de rapportaazje brûkt hat. Ta beslút: As de ried beslút om mear jild oan in nij gemeentehûs te besteden dan op dit stuit beskikber is, dan makket dat in herprioritearing fan de "meerjarenraming" needsaaklik. Dit is eins by alle sena rio's it gefal. It soe goed wêze as de frakjes, by behanneling fan dit agendapunt yn de ried, har ren gedachten hjiroer útsprekke. As foarsitter fan de wurkgroep wol ik in oprop oan de ried dwaan om yn de riedsgearkomste fan 15 april oan de hân fan de rapportaazje ta in beslút te kommen. Utstelle fan beslútfoarming kin neffens de wurkgroep net langer leie. Fragen en iepen einen sille der fêst bliuwe; dat hat alles te krijen mei de grutte dynamyk yn ús gemeente en it grut ferskaat oan saken dat no spilet en de saken dy't yn de takomst noch op ús ôfkomme. Der sille altyd legitime arguminten bliuwe om noch net in beslút te nimmen en it ferrin fan oare saken óf te wachtsjen. Ik realisearje my dat ek no de ferlieding der wêze kin. Pagina 2 brief wurkgroep/2 2/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 33