BOARNSTERHIM gemeente BESLUTELIST Riedsgearkomste: 16juny 2003. REKTIFIKAASJE by 4.4. Nú. Omskriuwing Utfiering 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Wurdt gjin gebrûk fan makke. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. Konform fêststeld. 4. It behanneljen fan de Maitiidsnota 2003. WWR Ofwikend besletten. Punt 1 fan it foarstel: konform, mei de tasizzing dat neigien wurdt oft de brûk- te metodyk foar de werwurdearring WOZ op in ienfâldiger en goedkeapere wi- ze útfierd wurde kin. As dit net mooglik is dan de VNG der op wize dat de kosten foar de werwurdearring net yn ferhâlding stean ta de opbringsten. Punt 2 fan it foarstel: konform. Punt 3 fan it foarstel: ofwikend, te witten: yn septimber start de ried in diskusje oer de needsaak en winsklikheid fan it útfieren fan 'e gemeentlike taken; de doelstelling hjirby is te kommen ta in yndikative besuniging fan 5% fan 'e begrutting. As yndikaasje wurdt de folgjende ferdieling fan de besuni- gingsdoelen hantearre: 30% út de organisaasje, 30% út fermindere útfie- ring fan taken, 30% út it ôfstjitten fan taken en 10% troch it fergrutsjen fan 'e ynkomsten; der wurdt in riedswurkgroep ynsteld foar begelieding fan it kolleezje en de amtlike organisaasje om te kommen ta de besunigingsfoarstellen; opheffen en werskikking bestimmingsreserves konform paragraaf 4.3.1, side 11 reserve b.t.w.-egalisaasjereserve fersterkje met 166.000,00 konform paragraaf 4.3.2 side 11 Punt 4 fan it foarstel: konform, útsein it fytspaad Warten-Warstiens. Dit wurdt earst behannele yn 'e kommisje WWR. Dêrneist wurdt foar it jier 2004 35.000,00 beskikbaar steld foar de berneopfang dei-yndieling. *Dekking, 1e prioriteit by taken diskusje cq begrutting 2004. Punt 5 fan it foarstel: konform, mei de tasizzing dat mei de ried in diskusje fierd wurde sil oer de ynfolling fan de WIW/ID-banen. beslutelist 16 juny 2003/brwas/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 6