BOARNSTERHIM gemeente DSFOARSTEL Riedsgearkomste Agindapunt Kommisjegearkomste Agindapunt Portefúljehâlder Behanneljend amtner 16 septimber 2003 12 (A-stuk) 1 septimber 2003 7 boargemaster Y. Dijkstra M.T. de Wolff telefoan: 0566 - 629314, e-mail: wolffm@boarnsterhim.nl Underwerp: Feroardering foarsjennings foar wethâlders, rieds- en kommisjeleden Foarstel: Stel de feroardering fêst. Ynlieding: De VNG hat in foarbyld-feroardering opsteld foar foarsjennings foar wethalders, rieds- en kom misjeleden. Der moatte der rigels fêststeld wurde foar it te brûken jaan fan bygelyks in tillefoan foar wethal ders of in kompjûter foar riedsleden. Ek it fergoedzjen fan makke Onkosten en it presinsjejild foar kommisjeleden (net-riedsleden) wurdt hjirmei regele. De foarbyld-feroardering wurdt jimme no, oanpast oan Os sitewaasje en besprutsen yn it presidium, foarlein. Arguminten: 1. it jout dúdlikens. Yn de feroardering is fêstlein Onder hokker betingsten bestjoerders en riedsleden earne gebruk fan meitsje kinne of wat fergoede krije kinne; 2. kommisjeleden kinne no ek presinsjejild krije. Der wie neat regele foar kommisjeleden dy't gjin riedslid binne, no kinne sy in presinsjejild krije. Kanttekenings: De feroardering regelt allinne it wetlik ramt. De Otfiering wurdt troch de funksjonele ôfdielings re gele yn oerlis mei it presidium. Der is oerlis west mei: Presidium, ôfd l&A Finânsjes: De kosten fan it presinsjejild fan 'e kommisjeleden falie yn it riedsbudzjet. Foar it beskikber stellen fan ark komt it jild út de funksjonele post. Utfiering: De kommisjesiktaris sil opjefte dwaan fan it út te beteljen presinsjejild. 07. riedsfoarstel/pomw/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 26