BOARNSTERHIM gemeente BESLUTELIST Riedsgearkomste: 16 septimber 2003. Nu. Omskriuwing Utfiering 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Wurdt gjin gebrûk fan makke. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. Punt 11 wurdt as B-stik behannele. Punt 12 wurdt fan de wurklist helle en sil op'e nij besprutsen wurde yn de kommisje BMM fan 6 oktober 2003. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 26 augustus 2003. Mid. Konform fêststeld. 5. Ynkommen stikken. Konform fêststeld. 6. Foarstel ta fêststelling fan de partikuliere bydrage rioeloansluting. Konform besletten. 7. Foarstel ta it wegerjen fan in boufergunning foar it perseel Grousterdyk 1 te WWR Jirnsum. Utstel fersmiten, it kolleezje moat mei in nij útstel komme. 8. Foarstel ta ynstemming mei it Plan van Aanpak nei oanlieding fan de rapporta- WWR ge Inspectieonderzoek 2002. Konform besletten. Wethâlder J. Bouma-van den Brink docht de tasizzing dat op it mêd fan RO nei in jier besjoen wurdt hoe it stiet met de útfiering fan in plan fan oanpak wêrby it ynspeksje-rapport as nulmjitting hantearre wurdt. Wethâlder K. Van den Berg-Wiersma docht de tasizzing dat op it mêd fan it miljeu, mids maart/april 2004 de ried op 'e hichte brocht wurdt fan it Miljeu jierferslach 2003. Hjiryn wurdt ûnder mear oandacht bestege oan de útfiering fan it plan fan oanpak. 9. Foarstel oangeande it ófhanneljen fan it beswierskrift tsjin de wegering frijstel- Mid. ling eks artikel 19, lid 1 WRO te ferlienen foar de bou fan in nije skieppestâl mei wente op in perseel oan de Master Wybrensdyk te Eagum. Konform besletten. Mid. WWR beslutelist 16 septimber 2003/iajb/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 28