BOARNSTERHIM gemeente Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 26 au gustus 2003 om 20.00 oere yn it Riedhûs te Grou. Oanwêzich: Foarsitter: de hear Y. Dijkstra Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, de hearen J. Roorda, J.R. Soeten, A.J. de Vries en J. Zijlstra fan GB2000: mefrou T.D. Troost-Akkerman, de hearen N.Boringa, H.G. Postma, J. Hemminga fan de VVD: mefrou E. Verkerk en de hearen S. Bouma en M. van der Sluis fan it CDA: de hearen J. Gerbrandij, G. de Jong en D. van der Meulen fan de FNP: de hear A. Bijlsma De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: mefrou J. Bouma-van den Brink, mefrou K. van den Berg-Wiersma en de hear H.A. Jonkers. Mei berjocht fan behindering ófwêzich: de hear S.G. Janse (FNP) 1. lepening. De foarsitter hjit de oanwêzigen yn de riedseal en de harkers fan de Boarnsterstim wolkom. 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Fan de gelegenheid wurdt gjin gebrûk makke. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. Wurdt ûnferoare fêststeld. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 16 en 17 juny 2003. It ferslach fan 16 juny: Mefrou Dekker: Wurdt wol oanhelle yn it ferslach, mar net by de oanwêzigen neamd. Bijlsma: Op side 5 moat 'Dochs binne wy der gerêst op' wurde: 'Dochs binne wy der net ge- rêst op'. Op deselde side fierderop moat 'it plan Fryslân oanpak' wurde: 'it plan fan oanpak'. Hemminga: Fan de tasizzing dat de skógings fan GB2000 as bylage oan it ferslach taheakke wurde soenen, is neat werom te finen. Dat sil noch barre moatte en dat jildt ek foar de yn- tsjinne moasjes. Wethâlder Bouma: Op side 13 moat de sin 'De skriuwster fan de brief wie doe net by de klankboerdgroep' presisearre wurde ta: 'De skriuwster fan de brief wie doe net oanwêzich by de klankboerdgroep'. De foarsitter: De stikken fan GB2000 sille taheakke wurde. It ferslach wurdt mei de wizigin- gen fêststeld en goedkard. 04.Ferslach ried 26-08-2003/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 3