BOARNSTERHIM gemeente Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 16 sep- timber 2003 om 20.00 oere yn it Riedhûs te Grou. Oanwêzich: Foarsitter: de hear J. Roorda Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, de hearen J.R. Soeten, A.J. de Vries en J. Zijlstra fan GB2000: de hearen N.Boringa en J. Hemminga fan de VVD: mefrou E. Verkerk en de hearen S. Bouma en M. van der Sluis fan it CDA: de hearen J. Gerbrandij en D. van der Meulen fan de FNP: de hearen A. Bijlsma en S.G. Janse De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: mefrou J. Bouma-Van den Brink, mefrou K. van den Berg-Wiersma en de hear H.A. Jonkers. Mei berjocht fan behindering ôfwêzich: boargemaster Y. Dijkstra, mefrou T.D. Troost-Akkerman (GB2000), de hearen H.G. Postma (GB2000) en G. de Jong (CDA). 1. lepenjen. De foarsitter hjit elkenien wolkom. Hy ferfangt dizze jûn boargemaster Dijkstra, dy't noch mei fa- kânsje is. 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. De hear Galama (oer punt 6): Is wurdfierder foar groep minsken út Friens en Dearsum. Makket beswier tsjin de partikuliere bydrage foar de rioeloansluting. Der hat oer de needsaak fan in rioe- loansluting in ynformaasjejûn west yn Friens. Is it iens mei de oanlis, mar wol skrokken fan de kosten fan 2750,00 dêr't de oansluting op it eigen heim en it tichtmeitsjen fan de bearput noch bykomt. Hat kontakt socht mei ynwenners fan Dearsum. De boargers fan Boarnsterhim wurde sa net gelyk behannele. Dy hawwe earder net foar rioeloansluting betelle, útsein nijbou. Jout foar- bylden fan rioeloanslutingen yn Reduzum, Idaerd en Jirnsum dêr't neat foar betelle is (behalve by Jirnsum foar oansluting op it hiem). Net ree om oanslútkosten te beteljen, útsein dy op it hiem. 3. It fêststellen fan de wurklist. Bijlsma: Fan punt 1 2 graach in B-stik meitsje. De Vries: Kin by punt 7 as riedslid net stimme, omdat er profesjoneel by dat punt belutsen is en hy sil by behanneling fan dat punt de riedsgearkomste ferlitte. Stelt fierder foar om punt 1 2 earst mei de needsaaklike oanpassing fan de feroardering yn de kommisje te besprekken en dêroer yn de riedsgearkomste fan oktober te besluten. Van der Sluis: Sil by punt 9 de riedsgearkomste ferlitte fanwege belutsenens. Hemminga: Stipet foarstel fan de hear De Vries oangeande punt 12. Wol punt 11 as B-stik. De foarsitter: Punt 11 wurdt B-stik. Freget fraksjes stânpunt oer proseduere punt 1 2. Van der Meulen: Jûn beslute. As dat net slagget, dan werom nei kommisje. Bouma: Tinkt der krektsa oer. De foarsitter: Bringt it foarstel fan PvdA yn persoanlike stimming. De stimmen stake. De stim fan de foarsitter hat in dûbeld gewicht en dêrmei giet punt 12 earst werom nei kommisje. Janse: Freget wêr't soks yn it reglemint stiet. 05. Ferslach 16-09-2003/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 3