De foarsitter: By oannimmen amendemint ferfalt ek punt 2 fan it kolleezjefoarstel. Bringt it amen demint yn stimming. It amendemint wurdt mei 2 stimmen foar (fan de hearen Bijlsma en Janse) en 12 tsjin fersmiten. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. Mei de oantekening dat de FNP achte wurde wol tsjinstimd te hawwen. 7. Foarstel ta it wegerjen fan in boufergunning foar it perseel Grousterdyk 1 te Jirnsum. De hear De Vries ferlit de riedseal. Mefrou Verkerk: De VVD fynt dat legalisaasje fan de oanbou mooglik wêze moat. Pleitet foar frij- stelling fan it bestimmingsplan. Moderne Ontwikkelingen binne troch stelde grinzen net mooglik. It bestimmingsplan is yn 1992 net oanpast oangeande de pub dy't yn 1980 boud is. By it akoes- tysk doelstelling is de entree net meinommen. Dat soe yn in nij doelstelling derby belutsen wurde moatte. It is foar de Ondernimmer negatyf as er foar in klandestyn bousel legalisaasje oanfreget. As it wol oanfrege west hie, dan hie de VVD stimd foar in bestimmingsplanwiziging. Janse: Bouwen sûnder fergunning jout gjin foech. Yn it bestimmingsplan fan 1992 hat it oanbe- langjende perseel de bestimming wendoel. Oan de ein jierren 70 boude pub,bar hie in horekabes- timming takend wurde moatten. De Ondernimmer dy't yn 1994 it pân oernommen hat, mei fan dizze misser net de dupe wurde. By de frijstellingsferliening kinne de bou- en miljeufergunning ga- rânsjes jaan dat der gjin oerlêst fan komt. De slús foar de pub soe wolris in ferbettering wêze kinne. Stelt de lytsskaligens fan de horekafoarsjenning yn 'e kiif. It is de grutste yn Midden Frys- lân yn syn soart. Van der Meulen: De pub is noch net ynbestimd. Hoe kin men dan frijstelling ferliene? Hoe stekt dat juridysk yninoar? De oanfraach hat net dúdlik genôch west as men ófgiet op de argumintaas- je fan it kolleezje. Der soe wolris hielendal gjin taname fan oerlêst wêze kinne. Hemminga: GB2000 is net foar legalisaasje fan yllegale bousels, mar yn it bestimmingsplan sit in misser en dan is it lestich hanthaven. Earst akoestysk ûndersyk foardat dêroan konklúzjes ferbûn wurde kinne. Sjocht it net as in lytsskalige horekafoarsjenning. It liket him de meast hoflike wei om it foarstel werom te nimmen en it yn oerlis opnij te besjen. Wethâlder Bouma: De Ondernimmer hat by dewethâlder en fraksjes op besite west. In keaper hat ynformaasjeplicht. By in brede ynspraak as doedestiids by it fêststellen fan it bestimmingsplan heart elkenien him goed yn de eigen situaasje te ferdjipjen. De oplossing kin pas fûn wurde as de ried mei it kolleezjefoarstel ynstimt en dan kin opnij besjoen wurde hoe't de pub yn it bestim mingsplan yntekene wurde kin. By de bestimmingsplanwersjenning foar Jirnsum takom jier soe dat oan de oarder komme kinne. It akoestysk Ondersyk hat west om it besteande pân hinne en net de lettere oanbou leit dêrbûten. Dy sil ek in swierdere belêsting fan de wenomjouwing mei him meibringe en der sit net mear romte yn de miljeusirkel. In fergaderromte is ek hiel wat oars as in pub en de wolstânskommisje sil in advys jaan moatte. Dat de lûdsoerlêst wolris minder wê ze kin, moat in Ondersyk útwize. It pân sit no yn in oergongsrjocht. Janse: As de ried mei it foarstel fan it kolleezje ynstimt, moat de yllegale bou dan ôfbrutsen wur de? Wethâlder Bouma: Ja. De foarsitter: Oangeande it foarstel fan de hear Hemminga: Steande de gearkomste kin in foar stel net weromlutsen wurde. Pagina 4 05. Ferslach 16-09-2003/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 6