Twadde termyn Mefrou Dekker (PvdA): Beheint har ta it foarstel. Yn it ferline is der troch de ried op in hantha- vingsbelied oantrúne. Fernuvert har no oer stânpunten fan guon riedsleden. It giet net oer legalis- aasje fan in pear sintimeter, mar om in bousel fan 4m by 1,5m. Sjocht gjin oanlieding ta legalis- aasje. Janse: Hie seis in protte muoite om krekt gewaar te wurden hoe't it bestimmingsplan ynelkoar stuts. Dat sil foar in leek noch dreger wêze. Foar it hânhâlden wurdt earst sjoen oft legalisaasje plakfine kin en jout dêrfan foarbylden (Parkstrjitte 6). It foarstel fan it kolleezje hâldt yn dat it bousel earst ôfbrutsen wurdt en letter miskien wer opboud. Skat yn dat de ried by de kommisje Berop en Beswier net sterk stiet. Stelt foar om frijstelling te ferlienen en dan mei bou- en miljeu- fergunning besjen wat mooglik is. Soe dat léste negatyf útfalle, dan moat it ôfbrutsen wurde. De ûndernimmer hat yn '97-'98 de saak isolearre. Troch in fersin fan de gemeente binne dêrút ekstra foar him kosten ûntstien. De foarsitter: Stelt de hear Janse foar om it foarstel as amendemint yn te tsjinjen. Janse: Wiist derop dat by stimmen tsjin it kolleezjefoarstel it net sa is dat automatysk de wil fan de ried folge wurdt. Mefrou Verkerk: De VVD bliuwt by har miening. Frijstelling op grûn fan artikel 19, lid 1. Hantha- venje net op kosten fan alles. Hemminga: By hanthavenjen elke situaasje op himsels besjen. De gemeente hat ek plicht it bes timmingsplan goed by te hélden. Stelt foar om it foarstel werom te lûken en der letter op werom te kommen. Dan is der gelegenheid foar beide partijen om ta in gaadlike oplossing te kommen. As de ried dat net wol, dan sil GB2000 tsjin it foarstel stimme. De foarsitter: De ried kin tsjin it foarstel stimme en dan kin it letter weromkomme. Van der Meulen: De wethélder leit wat al te maklik de ynformaasjeplicht by de boarger del. It amtlik apparaat hie earst de idee, dat it hiel grut wurde soe, mar nei taljochting die bliken dat it folie lytsskaliger wie, wierskynlik sûnder ekstra oerlêst. It moat opnij goed besjoen wurde. De ynbestimming fêststelle en legalisearje, wêrby't fansels oan regels foldien wurde moat. Wethélder Bouma: Der wurdt yllegaal boud en dêrnei in tekening oanlevere. Der koe gjin legalis aasje plakfine omdat der in stridichheid is mei it bestimmingsplan. Yn 1992 is noch troch de ge meente, noch troch de eigner goed sjoen hoe't it plak yntekene is. Van der Meulen: No stelt de wethélder it krekt. Hemminga (GB2000): Slút him dêrby oan. Wethélder Bouma: De lûdsnoarm sil problemen opsmite. Troch de ekstra yngong is der mear lûd- soerlêst. Oer it besteande gebou kin mei de ûndernimmer nei in oplossing socht wurde. De foarsitter: Earst it amendemint fan de FNP 'Ferlien frijstelling eks art. 19, lid 1 fan de WRO foar it oprjochtsjen fan in entree en tagongspoart op perseel Grousterdyk 1 te Jirnsum' yn stim- ming bringe en dan it riedsfoarstel. 05. Ferslach 16-09-2003/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 7