Janse: As it amendemint oannommen wurdt, dan is it kolleezje hâlden oan de fierdere prosedue- res. As it amendemint ynlutsen wurdt en der wurdt tsjin it foarstel stimd, dan moat it kolleezje opnij oan it wurk. Wol dan ek it amendemint weromlûke om de kâns te jaan dat it oerlis goed fer- rinne sil. Van der Meulen: Slút him by de léste suggestje oan. Hemminga: Krektsa. De foarsitter: Bringt it foarstel yn stimming. It foarstel wurdt mei 10 stimmen tsjin en 3 foar (de leden Dekker, Zijlstra en Roorda) fersmiten. Mei de stimferklearring fan de hear Soeten, dat er tsjin it foarstel is, omdat er net rücksichtslos hanthavenje wol. De hear De Vries nimt syn plak wer yn. 8. Foarstel ta ynstimming mei it plan van Aanpak nei oanlieding fan de rapportage Inspectieon- derzoek 2002. Hemminga: Hie fersocht om evaluaasje nei in jier. Dat stiet der net yn. Mefrou Verkerk: De VVD is bliid mei it rapport. Hopet op kwaliteitsferbettering, net allinne op papier, mar ek yn de praktyk. Tijdsplanning en prosesferantwurdlikens ûntbrekt. De kommuni- kaasje' nei de boarger lykas by boufergunningen kin better. Klantfreonlikens fergrutsje. Foar dele- gearen GRP en ôffalynsammeling nei it kolleezje. Zijlstra: Soe graach foar oare wurkterreinen ek sokke rapporten hawwe wolle. Mist tiidspaad. Jout noch tip foar in goede brânfersekering foar it nije gemeentekantoar, dat neist in palletfabryk stiet. Wethâlder Van den Berg: Yn it miljeujierferslach sil de evaluaasje in plak hawwe. De ynspeksje komt oan de ein fan it jier om te sjen hoe fier de útfiering dan is. Wethâlder Bouma: In tal plannen komme dit jier noch oan bod. It plan fan oanpak is in nulmjit- ting. Wiist ek op ferantwurding oan VROMynspeksje. It mearjierrebestimmingsplan wurdt oan de ein fan it jier evalueard mei de ried. Oer bettere kommunikaasje binne ôfspraken makke. Klachten oan de gemeente witte litte. De foarsitter: Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 9. Foarstel oangeande it ôfhanneljen fan it beswierskrift tsjin de wegering frijstelling eks artikel 19, lid 1 WRO te ferlienen foar de bou fan in nije skieppestâl mei wente op in perseel oan de Master Wybrensdyk te Eagum. De hear Van der Sluis ferlit de riedseal. Boringa: GB2000 neemt het voorstel wat betreft de ongegrondverklaring over. De Commissie be roep- en bezwaarschriften heeft het college er echter op gewezen dat de motivering aanvulling behoeft. Er is nog geen geldig rechtsbesluit genomen door b en w. Het voorstel is dus onvolledig en GB2000 vraagt naar de redenen hiervoor. Bouma: Slút him dêrby oan. It is perfekt dat men no fia ynternet berop en beswier oantekenje kin, mar dan moat de útwurking like perfekt wêze en dat mist by dit foarstel, dêr't no gjin út- spraak oer dien wurde kin. Pagina 6 05. Ferslach 16-09-2003/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 8