Bijlsma: De FNP kin ynstimme mei it foarstel. De provinsje hat doedestiids goedkarring ûnthâlden oer splitsing fan bedriuwen. Dat moat meinommen wurde fia in art. 30 proseduere en dêroer is yn it foarstel noch neat fan werom te finen. It kolleezje moat dêroer dúdlikheid ferskaffe. Wethâlder Bouma: Der ûntstiet betizing. Sawol kolleezje as ried kinne in beslút nimme, dêr't de Commissie beroep- en bezwaarschriften by belutsen wurde kin. It giet no om in beslút fan de ried, dêr't beswier tsjin makke is. De útwurking fan de art. 30 proseduere komt noch yn de kommisje, mar dat spilet hjir net. De Commissie hat ek in útspraak dien oer stânpunt fan Depute- arre Steaten. Bijlsma: De Commissie refereart dêroan. Wethâlder Bouma: Op fersyk fan de beswiermakker en it sil fia de prosedurele wei fan ynspraak en reaksjes noch nei de ried komme. Twadde termyn Bouma De motivearring en it formele beslút fan it kolleezje ûntbrekke. Dat wie wol tasein. De be swiermakker hat noch gjin berjocht hân. Van der Meulen: De hear Bouma fynt dus dat it kolleezje antisipearje moat op de útspraak fan de Commissie foardat de ried dêr in útspraak oer dien hat. Neffens him moat earst de ried in uit spraak dwaan en dan kin it kolleezje ta útfiering oergean. Bouma: Sjocht it as ien gehiel en sa is it net kompleet. De Vries: Der wurdt frege om in beswierskrift ûnbegrûne te ferklearjen. It grutte dossier freget no wol om dúdlikheid. De kwestje is helder. De Commissie stimt yn mei de argumintaasje fan it kol leezje oangeande de art. 30 proseduere. Stimt yn mei it foarstel. Wethâlder Bouma: It kolleezje moat in beslút nimme oer de boufergunning, neidat de ried him oer dit foarstel útsprutsen hat. Sa hat de foarsitter it doedestiids ek bedoeld, ek oangeande de moti vearring. De foarsitter: It foarstel kin net oanhâlden wurde. By tsjinstimmen soe der in nij foarstel komme moatte. Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. De hear Van der Sluis nimt syn plak wer yn. 10. Foarstel ta it nimmen fan in tariedingsbeslút foar de gebieten Waterfront, Frisia te Grou en Boarnstee te Nes. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 11Foarstel oangeande in bydrage yn de managemintskosten gearwurking VVV Friese Meren Hemminga: Hat fraach oer de mjitpunten dy't it kolleezje oanlizze wol by de evaluaasje. Sa is de omskriuwing te faach. Wethâlder Jonkers: Aanvankelijk was er een beleidsplan van de federatie Friese Meren. Op ver zoek van de gemeente is aangedrongen op in activiteitenplan. De activiteiten worden in novem ber getoetst. Als de aard van de evaluatie bekend is, dan komt dat als mededeling naar de raad. Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. Pagina 7 05. Ferslach 16-09-2003/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 9