BOARNSTERHIM gemeente D S O A R S T Riedsgearkomste Agindapunt Kommisjegearkomste Agindapunt Portefúljehâlder Behanneljend amtner 10 novimber 2003 7 (B-stuk) 6 oktober 2003 12 boargemaster Y. Dijkstra M.T. de Wolff telefoan: 0566 - 629314, e-mail: wolffm@boarnsterhim.nl Underwerp: Feroardering foarsjennings foar wethâlders, rieds- en kommisjeleden Foarstel: Stel de feroardering fêst. De VNG^hat in foarbyld-feroardering opsteld foar foarsjennings foar wethâlders, rieds- en kom- De? moatte der rigels fêststeld wurde foar it te brûken jaan fan bygelyks in tillefoan foar wethâl- ders of in kompjûter foar riedsleden. Ek it fergoedzjen fan makke Onkosten en it presinsjejild foar kommisjeleden (net-riedsleden) wurdt hjirmei regele. De foarbyld-feroardering wurdt jimme no, oanpast oan ús sitewaasje en besprutsen yn it presidium, foarlein. Arguminten: 1. it jout dúdlikens. Yn de feroardering is fêstlein ûnder hokker betingsten bestjoerders en riedsleden earne gebruk fan meitsje kinne of wat fergoede krije kinne; 2. kommisjeleden kinne no ek presinsjejild krije. Der wie neat regele foar kommisjeleden dy't gjin riedslid binne, no kinne sy in presinsjejild krije. Kanttekenings: De feroardering regelt allinne it wetlik ramt. De útfiering wurdt troch de funksjonele ofdielings re gele yn oerlis mei it presidium. Der is oerlis west mei: Presidium, ôfd l&A Finânsjes: De kosten fan it presinsjejild fan 'e kommisjeleden falie yn it riedsbudzjet. Foar it beskikber stellen fan ark komt it jild út de funksjonele post. Utfiering: De kommisjesiktaris sil opjefte dwaan fan it út te beteljen presinsjejild. 12. riedsfoarstel feroardering foarsjennings wethâlders ca/pomw/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 14