BOARNSTERHIM gemeente B E S L U T E L I S T Riedsgearkomste: 10 novimber 2003. Nû. Omskriuwing Utfiering 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Wurdt gjin gebrûk fan makke. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. Op fersyk fan de fraksje fan GB2000 wurdt agindapunt 6 een B-stik. Ek punt 1 6 wurdt in B-stik, dit op fersyk fan de FNP-fraksje. Fierders konform fêststeld. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 21 oktober 2003. Mid. De namme fan de hear Roorda (PVDA) moat noch by de oanwêzichen op- nommen wurde. Op side 4 (ûnderoan) wurdt de tekst sa oanpast: "Janse: Fynt dat it neffens it reglemint sa net kin. It ritme giet derút en de kwestje spilet al sa lang." Fierders konform fêststeld. 5. Ynkommen stikken. Mid./ De hear van der Sluis (VVD) freget n.o.f. nú. 8 (beswierskrift NLTO) wat de WWR gefolgen binne foar de útjefte fan de grûn yn it plan Frisia. Op hokker oerflakte slacht it beswier? Hjir sil in skriftlik antwurd op komme. Fierders konform fêststeld. 6 Foarstel oangeande it fêststellen fan de Regiovisie Stadsgewest Leeuwarden WWR en Westergozone. De fraksje fan GB2000 tsjinnet in amendemint yn om de tekst oer de posysje fan Grou op side 27, 1® kolom, ûnderoan út te wreidzjen. Dit om ynterpretaas- jeferskillen yn 'e takomst foar te kommen. Nei diskusje giet de Ried der mei akkoart, dat it kolleezje by de Stjoergroep oantrune sil op it taheakjen fan it wurd "ook" yn de besteande tekst tusken "Grou" en "de". Fierders konform besletten. It amendemint komt net yn stimming. 7 Foarstel ta it fêststellen fan de feroardering foarsjennings foar wethâlders, Mid rieds- en kommisjeleden. De fraksjes fan it CDA, de FNP en de VVD tsjinje in amendemint yn om de út- stelde feroardering sa oan te passen, dat de fasiliteiten en fergoedings op it mêd fan de ynformaasje foar de (plakferfangende) kommisjeleden gelyk binne oan dy fan de riedsleden. It amendemint wurdt mei 6 stimmen foar en 9 tsjin fersmiten. beslutelist Rie 10 riovimber 2003/szab/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2003 | | pagina 47